Zeg kaas
Kenne doch ik de man net. De yndruk dy’t ik op dit webstee wat krige haw, is dat er mient in fin mear as in bears te hawwen, en bytiden wat in bekkert is. Myn eigen biedwurd is mear fan ‘earst tinke, dan dwaan’. Dat … mij hat men gjin kloaten oan as it der op oan komt, seit de frou, want fan dat ‘dwaan’ komt komselden wat op ’e hispel. Ik bin skielk de alderearste dy’t him dea prakkesearret, mient se mar wakker. Nee, as it oankomt op bolwurken opsmiten tsjin de ûntfrysking, is hja fan betinken, dan moat dat al komme fan mannen as Kerst Huisman.
No, toe dan mar.
Ik moat tajaan, dat er de loarte diskear by de skjinne ein hat neffens my; as men wat wol, dan moat men de minsken dêr’t it om giet net ferjitte. Dêr tinget er al oan in fûnemint, leau ik. Want diskusjes oer it behâld fan it Frysk, falt my gauris op, dêr wurdt in soad yn nei boppen sjoen – oft dêr alle seine weikomme moat. No is soks fansels al wat in selffulfilling prophecy; want dêr boppe, dêr stiet de bonkeman. En syn seine sil grif in kear fan boppen komme – dat jildt foar elts fan ús.
Mar serieus, as de basis net djip oertsjûge is fan de wichtigens fan it striidpunt, dan hâldt it op. As master en juffer fine dat it himsels seit dat bern en skoalreiske ien en mien binne, dan kin it mar sa wêze dat se skielk allinnich yn ’e bus sitte; dat der net in bern is dat stiet te springen om mei: “De Efteling? Wat is dat dan? Nee, mij is neat ferteld.”
In stoarje dy’t ús heit ris fertelde, komt my no yn ‘t sin …
De direkteur fan in grut slachthûs dêr’t ús heit tafersjuch hold, hie op kursus west. Dêr hied er leard oer job rotation en job enrichment. Dy dingen woed er yn praktyk bringe. In man dy’t al tritich jier net oars die as deade bargen de eagen útstekke, wie dêr slim oer rekke. De direkteur mei syn nuvere oanslaggen wie him yn syn eare kommen, want hy hie yn al dy tritich jier gjin krimmenaasje hân. Oft mynhear de direkteur klachten oer syn wurk krige hie?
Moai, net. Hie mynhear de direkteur earst ris mei de mannen praat en syn motiven út ’e doeken dien, dan hiene syn goede bedoelings lichtwol kâns fan slagjen hân.
Net in goed foarbyld? No, dan mar tebek nei it Frysk …
Ik haw op dit webstee alris ferhelle, dat ik earst gewaar waard wat in grut part fan ús wêzen ús memmetaal ynhat doe’t de lju dêr’t ik hast alle dagen Frysk mei prate, der net mear wiene.
It kin net de bedoeling wêze dat it Fryske folts soks ek oan ’e weet komt … as it te let is. En it wol my oan, dat Kerst Huisman fan dat de begangel al sjoen hat.
Hy mei dan yn it earste oankommen wat gysten en wrimpen lykje, op dit stik hat men dêr grif mear oan as behâldslju dy’t in noflik sit ynhawwe en by harsels tinke: It sil myn tiid wol duorje.
No sa.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]