Ynteressant (3)
– De oare deis, nimt Hindrik de trie wer op, hie ik wat putsjes oan dek by de ein. De buorlju wiene der net. Efternei die bliken dat hja in pear dagen weibliuwe soene…
Krimmenikes en gjin ein, flikt er it my wer! Dy erflike sydstapkes fan him ek! Ien ding haw ik no wol foar it ferstân; nei dy tsjeppe Frânse buorfrou kin ik fluitsje!
– Dy middeis stie der likewol in man op it boat fan de buorlju op my del te sjen: “Hi there!”
“Heu”, joech ik werom en gong fierder mei dêr’t ik oergear wie.
Nei ferrin fan tiid seid er: “De frou en ik hawwe gin&tonics! Wolsto ek ien?”
“Wêr dat?” frege ik en mei seach ik op it horloazje – lykas wie ik fan ‘e gin&tonics-plysje.
“Hjirnjonken”, knikte er nei it foarste boat oan ‘e steger.
“In Ingelske flagge…,” stelde ik yn in eachopslach fêst, “en in Australyske tongslach!?”
“De frou komt út Ingelân,” ferklearre er laitsjend, “en it is har boat, sjuch!”
“Dave” seid er, doe’t ik by harren oan board stapte, en hy swingele my de earm amper út it potsje. In prûs, skeinsprutich frommis mei wielderich read hier, sigaret nonsjalant tusken ‘e slanke fingers, siet foar him oer. Ik stelde my manearlik foar…
“Wat bisto grut, leave!” koerde hja en toande my in rige krytwite tosken. Har lûd klokte as in djoere wyn út in folle flesse… uhh, ast begrypst wat ik bedoel…
Hindrik sjucht my fansiden oan. Ik knik mei ynmoed; toe, ju, gean no fierder!
– Har jurkje hie wol wat fan in gapske jerapelsek. It bleau hingjen op twa strikjes. Ik mocht it wol lije; it toande har skonken ta… uhh, spannende hichte, sil ik mar sizze… Ik fal och sa op skonken, sjuch! Ta manear fan sprekken dan, hin! En bleat frouljusskonken fansels, hahaha!
Sûnder har geryflike posysje te feroarjen kloppe hja njonken har op de bank: “Gean hjir mar sitten, leave!” Har Dave (of Daif, sa’t er it sels sei) kaam al oansetten mei in blikje folle glêzen…
Wy hawwe protten wille hân, dy middei! Hea, wat ha wy lake!
Nei it earste rûntsje koe Daif teffens sitten bliuwe, Mary – sa hiet hja – soe tenei de honneurs waarnimme…
Doe’t hja foar de safolste kear yn ‘e kombof ferdwûn wie en folje de glêzen, stinde Daif tsjin my: “Hja is wakker op ‘e gleed; mei omtrint in oere wol se grif ek noch seks hawwe… Sis, hasto ek wat te dwaan, mei in oere?”
Ik haw doe wat ûnnoazel lake; ik stie mei it mûlfol tosken… Ja, hoe soesto reageard hawwe?
Ikke!? Ik haw der gjin aan fan! Mar… gean fierder!
Mary kaam it trepke wer op soeikjen mei trije glêzen yn ‘e hannen; it sjike Ingelske blikje hie de put derút sa’t like. Hja gong wakker djip yn ‘e bocht en bied Daif, dy’t foar my oer siet, it glês tusken har fingerseinen oan en… bea mij sadwaande in eachweid dêr’t ik my net sêd oan sjen koe…
Doe ferlear dy smycht sabeare it lykwicht en foel heal tsjin my oan, wiles de oare twa glêzen omheechhâldend. “Net in drip griemd!” skattere hja triomfantlik.
Daif gong skodholjend by it trepke del om nei it húske. En op ‘en nij treau se my sûnder freegjen in sigaret yn ‘e mûle. En doe, wylst se fjoer joech, biet hja my wrimpen yn ‘t skouder, haha!
Ja, jonge, sa hjit as brij wie se, myn bloody merje… uuhhh, Mary, woe’k sizze…
Hawar, wer werom op myn eigen boat barste ik fan ‘e enerzjy. Dat haw ik no ienkear nei gin&tonics. Dêrom keapje ik dy rommel sels net, sjuch; dat is punt twa. Punt ien is: ik mei it fierste graach!
Mei it folume fan ‘e seedeespiler withoeheech dûnse ik op ‘e muzyk fan Aretha Franklin de kombof op en del en reitsje wat fan dy oerstallige enerzjy kwyt.
It duorre net botte lang of dêr wie Mary ek al…
Oft se meidwaan mocht!
Ik woe earst fan har witte wêr’t Daif wie.
No, dy lei te koesen fansels; die er altyd, sei hja, as er drank op hie.
”Nuver fyn ik soks; ik krij just mear enerzjy!”
Wat tocht dij wat dy doageneat doe sei?
“Ik ek!”
En hja liet har sa – slop fan laitsjen – fan ‘e tredde triem fan it trepke by my yn ‘e earms donderje…
Under it dûnsjen die ik ympulsyf eat dêr’t ik de gânse middei al op sind hie; ik luts oan ‘e strikjes. De “jerapelsek” rûgele oer de flier en hja stie poerneaken foar my…
Mary hie ien boarst. Op it plak dêr’t har lofter sitten hie, sieten inkeld wat fâlden en groeden. Sêft lei ik de hân dêre. “What happened to you?”, frege ik.
Hja spalke har grutte griene eagen op, lake har krytwite tosken bleat, sloech de earms om my hinne, doe har alderprachtichst moaie skonken, liet de holle mei de grutte bosk fjoerread hier efteroer hingje en koerde foldien, oft it gelok har wierliken oan ‘e kont hong: “LIFE!!!”
Recente reacties