Ynteressant (2)
– In frou is foar mij pas ynteressant as se skrassen oprûn hat, hie Hindrik niis sein, skrassen oer ‘e lea of skrassen oer ‘e siel!?
Ik lit it yn my omgean. Ik wist net iens dat der frouljusfleis oan Hindrik siet; ik haw him nea mei in frommis omslaan sjoen. Oan ‘e oare kant – komt my no yn ‘t sin – hoe soe er eins persiis oan ‘e bynamme Hindrik Hynder kommen wêze…?
– Kinst dêr in foarbyld fan jaan, freegje ik dêrom slûchslim.
– Dat sit deroan! Oft de lyts jonge Frysk ferstean kin of net!
Dat is ek sa; soe ik myn omkesizzer suver ferjitte. Johan sit koes neist my en sobbet mei ynmoed op it sûchreidsje yn syn 7-up om.
– Net dat makket, haw mar gjin noed, stel ik Hindrik gerêst.
Hindrik Hynder skrabet him de kiel…
– Ik wie in kear mei it boat yn La Rochelle… De haven wie grôtfol; dat, se draaiden it slúske net foar my op doe’t ik der oankaam. Se hjitten my in lisplakje te sykjen yn Le Bassin d’Echouage, de âlde tijhaven.
Ik mei Hindrik graach opheljen hearre!
Dat is, as ik it oan tiid haw! Want syn stoarjes binne nea koart en saaklik, en altyd lardeard mei sfearbylden en sydstapkes…
– Yn ‘e tijhaven leine de boaten ek twa rigen dik oan ‘e stegers. Dêrom frege ik oan in Frânsman dy’t boppe-op syn boat siet te krantsjen, oft ik him op ‘e side komme mocht. Dy man joech gjin azem; hy hie it nét op ‘e hûd sa’t skynt. Mar, op itselde stuit weau syn frou út ‘e roef wei; in wólken wie it, in dream yn bikiny…
Hindrik bliuwt in amerij yn tinzen heakjen.
– In baarliken býtsje kiny, kin ik dy belove, yn ferhâlding ta har wielderige foarmen. Hea, wat in stomp…!
Ik hein him de wurden op ‘e tosken. Johan en de keatserij binne my wer glêd fergetten.
– Hawar, dêr giet it no net om…
Ik wol tsjinabbeleare, mar Hindrik giet ûnfersteurber fierder…
– It frommis joech har noartske man fan it boppeste buordsje: “Lit dy man dochs komme, ju; do altyd mei dyn kluchten!” Dat, dy man gong ynienen foar my yn ‘t spier, as wie ik op slach en stuit kunde fan him.
Ik haw it soart man al op it netflues…
– In gaadlik plak, sil ik dy fertelle, smout efter de stedswâlen. Jûns waarden dy wâlen en tuorren yn it ljocht set, witst wol; lykas se hjir yn Fryslân plichtsje te dwaan mei mûnen en tsjerken… Ik mei eins it silhûet fan in tsjuster doarp gâns leaver lije, mar… toe mar! En, trouwens, yn La Rochelle wie it dochs alle jûnen in see fan ljocht; smiten folk op ‘e lappen en stiiffolle terrassen…
– Soest mei in foarbyld komme!
Ik wol werom nei dy Frânse buorfrou, sjuch.
– Hast gelyk, ik reitsje op ‘e doele…
Recente reacties