Yn it harnas stjerre

It earste oere fan Frankryk wie in kopy fan dat fan Oranje tsjin Argentynje. Hja stiene der ommers ek in goed oere by oft se yn in midsiuwsk harnas sieten – en breed, en mar wer breed.
Hjoed barden der twa dingen: Scaloni krige it yn ‘e plasse en wikselje stjerspiler Di María foar in ferdigener in healoere foar tiid – publykswiksel? – en Deschamps brocht fiif minuten letter Nelli Coman yn. Him sil wol tocht hawwe: wat mear snelheid en djipte yn it spul!
En, ja hear, doe krige de Frânske Pelé teminsten ek ris in bal. Dat fan Le coq qui pleurt waard it hast dochs noch Macron qui rit. De Frânske hoanne kraaide trije kear en it soe hast in spultsje wurde fan: Doont kraai for M, Argentina!

Wol sneu foar Mbappé likegoed, fjouwer ballen deryn sjitte en … ferlieze. Dat bart him net alle dagen. Ik hie it him wol gund. Of leaver, ik gunde it Argentynje winliks net; 1978 sit my sa’t skynt noch witte heech.

Toe mar! It is mei sizzen net te dwaan. Ik hearde fan ‘e wike ien op it Portegeesk tillefyzje úthâlden dat Amearika ferantwurdlik is foar 46% fan ‘e wapenleverânsjes oan ‘e Oekraïne en Frankryk foar 1,4%. Nee, wol? At dat wier is, hat Macron dan net wat in te grut wurd? Sa is it mar goed dat in lân út Amearika it yn Katar wûn hat fan in Jeropeesk lân.
Jeropa: in grut wurd op in weak Makroan!

No’t wy it dochs oer in grut wurd hawwe. Men hoecht net liplêze te kinnen om te witten wat Mbappé nei syn miste kâns yn ‘e lêste sekonde fan ‘e ferlinging rôp: PU-TAIN!

Dit vind je misschien ook leuk...