Yn ’e pine sitte
In âld-FLOTUS (First Lady fan ’e Feriene Steaten) hat in boek skreaun oer har libben, hearde ik okkerdeis op it nijs.
Ik harke net earlik mei sân pear earen, mar dat feroare doe’t har miskream op it rabat kaam. Hja ferhelle hoe iensum se har field hie yn dy snuorje, want… we don’t talk about these things – we just sit in our pain. De grize rûn my oer de grouwe en de triennen spatten my yn ’e eagen.
Ik stinde in skoftke om op de fraach wêrom’t ik sa reagearre. Nei ferrin fan tiid kaam my wat yn ’t sin…
Us âldelju wiene fyftich jier troud. It wie in sierlike maitiidsdei en nei in rûnfeart troch bylderich Gythoarn skoden wy oan lange tafels op ‘e feartswâl foar in foaritentsje. En doe wie it sa’t it skynt ek samar tiid foar myn taspraak. Net rjucht eat dêr’t ik nei útsjoen hie. Mar ek net eat dêr’t men jin as âldste soan mei skik en fatsoen foarwei wine kin. It is my nea net dúdlik wa oft der krekt beskiedt hoenear’t de tiid ryp is, mar ynienen stie ik rjucht op en del oan ’e iene ein fan ’e lange tafel dy’t my skate fan it gouden pear oan ’e oare ein. De petearen foelen stil. Dat no kaam it derop oan – derop of derûnder!
No moat ik faaks earst efkes melde dat ik de wat nuvere oanwenst haw en doch dingen krekt wat oars as oare lju it dwaan soene. Freegje my net wêr’t soks út fuortkomt. Mar as bygelyks op Facebook trijehûndert lju foar my neat oars betinke kinne as “Leuke foto, zeg!”, dan giet dizze jonge der efkes foar sitten en kom mei wat oars. Dy irony fan mij – neffens mij skaaimerk fan ús foltsaard – wurdt lykwols bûten Fryslân gauris opfette as smeulskens. Ja bytiden sels as synisme. Dat ik bin mar opholden mei dat ‘social network’ gedoch – men wol as ‘asosjaal’ jins kunde op it lêst net misledigje, wier.
Mar, lit dat gewurde.
Wêr’t it om giet is dat ik yn myn taspraak net allinnich de hichtepunten beljochte lykas likefolle wa it dien hawwe soe, nee, Unnoazelsma moast sa nedich de klam derop lizze dat it yn it libben net inkeld roazen en anjelieren snijt…
Us mem hie ús wol ferteld dat ús Nynke net de earstberne wie – wy hiene in jit âldere broer en sus hawwe kinnen. Beide wiene lykwols by de berte stoarn – it jonkje krekt derfoar, it famke fuort dernei. As lytse jonge haw ik gauris yn my omgean litten hoe’t soks west hawwe moat foar ús heit en mem. Benammen foar ús mem fansels dy’t twaris in lytse pop njoggen moanne by har droegen hat. Mar ek hoe’t ús heit him op dy stuiten machteleas en iensum field hawwe moat en twaris mei in kistke ûnder de iene earm en de siel ûnder de oare him op ’en paad jaan moatten hat yn ’e beroaiïng fan ’e Stienzer toer.
Sa’t ik sei, dizze okse hat der in aardsje fan en stip sokke dingen ek efkes oan.
Hawar, op it stuit dat dy twa berten yn myn taspraak oan ’e oarder komme, wurdt ús heit ynienen sa wyt as sûpe – de donkere eagen wurde sa grut as teepantsjes. Ik bin alhiel fan it sjapiter…
It skuort my ynienen skril troch de lea: Oe heden, ik lis de finger op in jit iepen wûne, ju! Wa hie dat al syn dagen tinke kinnen – hja hawwe de saak nea bepraat! Ommers, we don’t talk about these things, we just sit in our pain.
It wol my oan dat ús mem har wolris útprate wollen hat, mar dat ús heit mear ien is fan ’e stilswijende wet – jins alder-alderste sparje wolle troch it seare steed te mijen as de brân.
In sechje fan in ferneamde Skotske psycholooch is: It libben kent in ôfgryslik soad lijen – it iennichste lijen dat wy faaks mije kinne, is it lijen dat wy ûnderfine troch it lijen dat wy besykje te mijen.
Op itselde stuit krij ik yn ’e lampe dat ús Nynke en ik – lit stean fan ús Keimpe en ús Piter – der nei alle tinken hielendal net west hiene, as it him oan ús heit sitten hie. Us heit (en ik trouwens ek) wie mear in man fan: As it net kin sa’t it moat, dan… giet it mar oer.
It is dat ús mem sa steech en dreech wie en altyd fêstholden hat oan it biedwurd Sûnder striid gjin oerwinning!
Mar, nochris, om ús heit hie it allegearre net mear hoegd – dêr bin ik op slach en stel sa wis fan as twa en twa fjouwer is.
Likefolle, ik wie alhiel fan it sjapiter. In amerij – dy’t faaks net mear as fiif tellen duorre hat, mar wol fiif minuten like – bleau ik finzen yn ’e pine fan ús heit. Doe raffele ik de rest fan myn taspraak ôf. Hoe’t dy krekt fierdergong, wit ik al net mear, mar dy fiif tellen sille my altyd bybliuwe.
Hin?
Nee! Wy hawwe it der neitiid net mear oer hân, nee.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]