Wy ha ferlet fan mear boereferstân
Nederlân hat wat langer wat mear fan in ‘narkosteat’ neffens it rapport Noodkreet Recherche – Waar blijft onze versterking? In narkosteat is in lân ‘dêr’t op grutte skaal produksje fan en/of hannel yn narkoatika har beslach kriget ‘, ek ‘narkokrasy’, part fan ‘Narkolandia’, de narkoatikaprodusjearjende lannen dêr’t in knoarre ‘narkodollars’ fertsjinne wurdt – in dwaan dat fan ‘narkoatikaresjersjeurs’ en har ‘narkoatikasjefs’ bestriden wurdt. Dat allegearre neffens it wurdboek, in betrouber beaken yn in wiffe wrâld.
‘Narko-euro’s’ is noch net opnommen, mar dat duorret grif net lang mear. Want as wy it rapport leauwe meie, komme der miljoenen narko-euro’s út it kriminele sirkwy wei fuort dy’t ynvestearre wurde yn ûnreplik guod, mar ek yn ’e middenstân – achtenearje ris it oanboazjende tal kapperswinkels by jim yn ’e buorren – en sabeare bonafide bedriuwen, beursnotearre en al.
Gjin nijs. Wy wisten it al fan ’e Kennedys, ryk wurden mei it drankslûkjen ûnder de drûchlizzing: net inkeld swart jild wol tjilde wurde, ek de besitters skouderje mei ferrin fan tiid it fermidden dêr’t se har kapitaal fergearre hawwe en wolle maatskiplike erkenning. Don Michael Corleone seach yn The Godfather syn soantsje al as takomstich presidint fan de FS. It is by einsluten syn Dútske omkesizzer wurden, dy’t leafst in goudene brûs yn ‘e dûs hat, as ik it allegearre goed begrepen haw.
Men mei it faaks net in wet fan Meden en Perzen neame wat Honoré de Balzac skreau (‘Elts grut kapitaal giet in grutte misdie efter beskûl’), mar it is faken al sa. En in slompe jild kin men (wiere) ynfloed en (kwânskwiis) respekt mei keapje.
Likefolle, neffens de Nederlânske Plysjebûn ha wy te min resjersjeurs en hâld skrep by de narkomaffia. Dêrfandinne (en teffens út reden fan de ûnderhannelings oer de kollektive arbeidsoerienkomst dy’t skielk fan ’e ein sille) dat no ynienen it wurd ‘narkosteat’ op it kleed komt. Dêr tinke wy foarearst noch by oan lannen as Meksiko en Kolombia, mar wy kinne de letterlike betsjutting yn Nederlân al bepisje – wy binne wrâldwiid de nûmer 1 op it mêd fan produksje fan syntetysk ferdôversguod en ek de hasjtylt meitsje wy in man yn út. Wy produsearje net allinnich, mar wy keapmanje ek omtinken yn narkoatika – neffens de Tilboarger heechlearaar Pieter Tops in gefolch fan ús âld hannelsgeast, mei as nasjonaal biedwurd: negoasje is agoasje.
Twatûzen resjersjeurs moatte derby, seit de NPB. De plysje docht wat er kin, op ’e fakatuereside seach ik ûnder #Crimediggers in oprop hinne te gean en bewiizgje jin yn ‘e ‘opspoaringsexperience’. Op it heden bliuwe fjouwer fan de fiif saken lizzen en wurdt de helte fan alle fersiken om help út it bûtenlân wei ôfwiisd. Trochdat de resjerzje safolle dogeneaten rinne litte moat, wurde de kapasiteitsproblemen by it Iepenbier Ministearje en de rjuchtbanken lokkigernôch al minder – elk nadeel heb zijn voordeel.
Dêrom net, mar mei twatûzen resjersjeurs mear losse wy it probleem net op. It probleem is – en dat sil sa bliuwe oant wy der ienris en foargoed mei ôfweve – de wrâldwide en folslein dwylsinnige War on Drugs. Dy hâldt de prizen heech en bewurkmasteret dat de hannel yn dy rommel sa’n bombidigen sleet opsmyt; dêrtroch kinne kriminelen de gisels meitsje dêr’t se ús maatskippij mei út ’e foegen skuorre. Dy stomme oarloch bringt it brekme oan #crimediggers yn ‘e opspoaringsexperience tewei. Wy ha ferlet fan mear boereferstân – net fan 2.000 resjersjeurs mear. No sa.
Narcoatica-produSeärjende lânnen.
Uut ’t criminiele sirkwi (cirqui) way!
Way fuort id doebeld-up iin ‘e buert.
Kappers binne ‘mânkearre fuotball-
ers, sayt Giip. Mânkearel fuotballet.
Jild tjildzje? ’t Kaptaal garre (fer-? i)
Good Fellahs, bêste boeren, ferstân.
Good Fallows, damharten up Felua.
Nee, it, ’t pliisjeboen, ’t, de fer-bond.
Goed sjoen! Stimming maitsje, juh!
Suriname frei, ’n Biilmer moàst foll!
TilboàrgeR adjectiif by ped-agogen.
Rus’ fon resjersjeur, net fon ‘smeris.
En bewiis j’n. M’n kin it nèt bewize?
Digging the Dancing Queen – ABBA.
Heineken & Rembrandt Experience,
Holland, Jimmi Hendrix Experience
Fjouwer fon ‘e fiif saken bliowe der.
Yn (!) ‘e opspOArings-experience te
Way? Bringt mey, fuort, nèt ’teweeg.
Sin hat twa mooglikhieden, subject
is warlock of is breckme. War – tink.
‘earne út wei fuortkomme’ is dûbeld? Bist dêr wis fan?
Deimen op ‘e Feelje? Wêr hellest dy wei?
Teweibringe is dochs geef Frysk? Net by dij?
Ja, oarloch is subjekt, ja. Oarloch beriert ornaris in brekme oan soldaten – net oarsom. It boadskip is: it legalisearjen fan de rommel betsjut de ein fan ‘e oarloch, mutatis mutandis: no dime, no crime. 😉 Hoe krij ik it yn ‘e plasse, net!? Do mei dyn deimen, tink.
Beast heal? Uut way fuort come id doebeld.
Daamharten, jacht iin Wetterliedingsdunen.
Dama of deim ig geef. Te weeg is Hollânsk.
Wördboàrtsje is ien fon dyn sterke kânten?
Kinst ’n fiinst now mey octroay exportearje.
Âst stellen en moàrdzjen èk legalisearrest,
Hast gjin pliisjes of russen mear needigh?
Mafia iin politike besluut illegale iinkeapje.
PfdArbaidsleazens Dictatuer 666 GL = BR
iin ‘e ien nei lêste rigel: iin, yn ‘e (!) opspoaring’s experience
En ‘e oare ferbetteringen eefkes oanbringe.
Hokke oare, Dzjengis?