Wroechwjirm
In âld man, delknibbele foar in grêfstien op it tsjerkhôf, kryt balken trettjin:
– Wêrom bist yn ‘e goedichheid sa hastich oan dyn ein kommen? Doe’tsto der noch wieste, wie myn libben ien grut feest. As ik moarns fan bêd kaam, lake it libben my ta — alle dagen setten en pretten. Mar sûnt’tsto ferstoarn bist, is dêr wol dalje op kommen. No is der neat mear oan. Alle dagen binne itselde, alle dagen haw ik oanstriid fan gûlen … boehoehoeoeoe! Bytiden is it safier hinne, dat ik woe dat ik sels mar dea wie …
Komt in jongfeint oankuierjen, dy’t in bytsje mijen foar de man oer stilhâldt, yn it moed taast troch de man syn fertriet. Hy wol wat sizze om de âld man te treastgjen, mar wit net rjucht wat. Lang om let freget er dimmen:
– Hoe hiet se, bêste man?
– Dauwe.
– Dauwe?
– Ja, de earste man fan myn wiif … boehoehoeoeoe!
Wreath
Wrath-wörm
Sont’tsto soe Dauwe bethoaght havve kinne.
Sa consequint. Dêr’tst, whêr’tst, dâTst, MoàTst, thoaghtst.
Soest sûnt’st-û fon maitsje maye.