(Withoe)fier yn it rûn
’k Seach efkes noch oer it skouder
Foardat ik it Rifgat út teach
Gjin noed, ik ferjit dy wier-wier net
Ienkear foarby Skiermûntseach
Want helje in man út syn lân
Fansels betsjut dat noch net
Datsto út de man helle bist
Do leist my te nei oan it hert
Do leist my te nei oan it hert
O lân fan ús mem en ús pake
Wêr oft de wyn my ek bringt
’k Hear oeral dyn swietlûdig’ sprake
Dy daveret fier yn it rûn
Dy sit my yn moarch en yn bonken
Ik lis yn dyn ierde ea del
It libben fan dyn klaaigrûn skonken
Want ier of let kom ik wer
Myn lot is mei dines ferbûn
De wurge lea lis ik del
Yn dyn fruchtbere skoat, Fryske grûn
Yn dyn fruchtbere skoat, Fryske grûn
Flij ik myn liif en myn libben
Wêr oft de wyn my ek bringt
’k Kom wer nei it lân fan ús sibben
Recente reacties