Wie ik it hert fan dij

[oersetting fan If I were you fan Collin Raye syn album Extremes]

Do fregest mij wêr oft wy hinne gean
Rju kar foar bar, of bliuwe wy hjir stean?
Is wat wy no al ha genôch ús libben lang?
Ik wit it net … mar wês mar net bang!

Do sjuchst my oan: En no? Wêr moatt’ wy lâns?
Dêr of dochs dêr? Mar hat dy wei wol kâns?
Of is ús hertewinsk faaks dochs in slach te grut?
Wat is wiis? Wa seit wat it wurdt?

Mar sjuch foaral it libben net as wie it ien grut lijen!
Brûk gewoan watst krige hast en wês mar net te mijen!
Lit dyn hert dy wize, ju, wat oftst fanneden bist!
Wie ik it hert fan dij, sa wiisde ik nei mij …

Kom yn myn earms en hâld dy net fan fierren
’k Loof dy gjin goud, mar ’k loof dy ik bin hjirre
En wat as tegearre skielk noch folle better wurdt?
Wat is wiis? De kop of de sturt?

Mar sjuch foaral it libben net as wie it ien grut lijen!
Brûk gewoan watst krige hast en wês mar net te mijen!
Lit dyn hert dy wize, ju, wat oftst fanneden bist!
Wie ik it hert fan dij, sa wiisde ik nei mij …

Mar sjuch foaral it libben net as wie it ien grut lijen!
Brûk gewoan watst krige hast en wês mar net te mijen!
Lit dyn hert dy wize, ju, wat oftst fanneden bist!
Wie ik it hert fan dij, sa wiisde ik nei mij …
Ja, wie ik dat, sa wiisde ik … nei mij.

Dit vind je misschien ook leuk...