Wês mijen mei watst winskest

Aldergelokst foar Jeropa yn syn algemienens, en foar Oekrayne boppe-al, ferlear Trump de ferkiezings yn 2020. Dy hold en hâldt Pûtin ommers te freon. Dat dy hie Jeropa moai yn syn fet besmoare litten. It wol my oan dat, as de FS 80 jier lyn ûnder it bewâld stien hiene fan sa’nen as Trump, wy no allegearre Dútsk prate soene. It jout neat, it seit fansels alles oer ús warberens dat, alle kearen as de striidbile deryn set wurde moat, alle eagen op de FS rjuchte wurde — op Roosevelt respektyflik Biden.

Tweintich jier nei njoggen/alve is ús grutste soarch allang net mear dat terroristen mei in fleantúch in grut gebou yn batse sille. Dat is ommers lyts bier neffens it yn ‘e besetting nimmen fan in kearnsintrale. De alderbaldergrutste — dy yn Saporydzja — kin dy fan Tsjernobyl wol tsien kear yn ‘e rûnte, sizze se. As dat sa is, sa falt it foar dizze Ûnnoazelsma net te begripen dat de wrâld roppen bliuwt dat it om in konflikt tusken twa lannen giet, no’t dy sintrale yn ‘e macht fan terroristen is (dy’t fan sokke dinkjes yn ‘e regel likefolle ferstân hawwe as de bolle fan ‘e noardstjer) …
Hin?
O ja, der sil grif wer ien roppe dat ik folgers fan Pûtin net ’terroristen’ neame mei. Mar dy moat my dan noch mar ris it ferskeel útlizze tusken him en Bin Laden. En dan net oankomme mei dat lêstneamde in gatsje yn ‘e kop hat, want dat hat Pûtin neffens mij ek (en oars sjuch ík him der wol ien yn).

Eksperts stinden der langer op om, wêrom’t Pûtin it yn ‘e plasse krige en doch in ynfal yn Oekrayne.
No bin ik net in saakkundige, sa’t jim wol begrepen hawwe, mar hy liet him neffens my op it militêre forum yn Kubinka yn augustus yn ‘e kaart loere, doe’t er wakker heech opspikere fan it Russyske wapenreau.
My tocht ynienen: Wachtsje ris even, heite … dy hiele operaasje fan dij is neat mear as in reklamestunt en priizgje de Russyske wapenyndustry oan.
Hahaha! No dat waait him no raar op syn lân, tink.

No binne der ek guon lju dy’t fine dat Pûtin it fjild romje moat. It skynt likewol sa te wêzen dat dat lytse Vladi ien van de mjittichste rjuchtsekstremisten yn syn lân is. Dat ik wit net …
Dy’t dat fine, soe ik tsjin sizze wolle: Wês mijen mei wat jim winskje!

Dit vind je misschien ook leuk...