Wer mis

Ik bin bytiden sa stomp as de Aldehou — in mei minskefel oertrutsen ûnbeskie. Ik haw de lju daliks op ien ein. Freegje my net wêrom!

No ja, ‘freegje my net wêrom’ … it is om’t ik it hert op ‘e tonge haw neffens my — ik sis wat him yn my opdocht.
Wy neame dat yn Fryslân — fersêftsjend — ‘rjucht en sljucht’. Mar soks hat syn útfallen. Ik-sei-de-gek bin sa’n meubel, ik fal sels noch yn in kampslach mei ’t wiif.
Wês earlik: dat kin net ien weromsizze 😉

Niiskrekt ek wer …
Ik sit mei stúdzje nei it tillefyzjenijs te sjen. Krij ik ynienen in dúst fan it wiif:
– Hast hielendal neat meikrige, tink, fan wat ik dy ferteld haw, grutte kloat!
Ik bin alhiel ferheard en sis:
– Wat in nuvere manear om mei in petear útein te setten.

No sit se de hiele jûn al tsjin my te wrokjen. Nuver, net?

Dit vind je misschien ook leuk...

3 reacties

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    Ûnbekind Ûnbeskied ûnbehoude Ôldehou, hôf-, hou(t)dow.
    Kinst mi te witten doàn, what Ik missain hav? Miss-pöntsjes.

  2. Meindert schreef:

    Nije batterijkes yn it gehoarapparaat?

  3. Jaap Slager schreef:

    Hahaha! Nee, jonge, dy haw ik net iens yn. Ik moat op it heden geëamel beharkje fan Jeropolitisy yn Brussel. Dat doch ik leafst mei eardopkes yn (yn ferbân mei it gerop en geraas fan dy Brazyljaanske telenovelas dêr’t Maria nei sit te sjen). De transkripsje fan dat geëamel wurdt dien fan masines. En no moat ik-sei-de-gek ferifiearje oft dy masine dat goed dien hat, sjuch. Do begrypst wol, tink, dat dêr jitte frijwat ditten en datten oan sitte, oan dy masinetranskripsjes. Dan is der ek noch in MT dien, in oersetting fan de transkripsje troch in masine (MT=machine translation). En dy moat ik ek ferifiearje. Dat ik ferfeel my beslist net. Want in boek oer de enerzjytransysje yn Nederlân moat takom wike nei de drukker en ik moat de hiele eksetra proeflêze en rjucht meitsje wat krûm is.
    Wêrom fertel ik dy dit?
    O ja, as ik it gehoarapparaat yn haw, dan passe dy eardopkes der net by. Sokke grutte earen haw ik net 🙂

    Sjesa, bist wer op ‘e hichte. Alles goed mei jimme?
    O ja, hjoed ek by dokter west. Ik rûk al nei de lodde, sei se, mar Maria wurdt hûndert. Dat alles sa’t it heart te wêzen 🙂
    O ja, jim kaart is ek kommen. Tige tank! Ik wit net krekt wannear, want ik rin net alle dagen nei it posthokje. Net oan tiid, hahaha!