Wer gâns op myn kape…
Moin stalke,
O, hahaha, nim my net kwea ôf. It moat “kapke” wêze?
Myn “maskerkes” wie in ynslûpsel út it Portegeesk wei, haw ik noed. Wy hearre hjir alle klapsketen “máscaras”, sjuch. “Mûlkapke” dan mar, fan “blynkape”, tink. Of fan “mondkapje”? 😉
No moatst ophâlde! Do hast noch net sa´n ding? Men komt hjir net in winkel mear yn, hear, sûnder sa´n… eh, kapke. Men wurdt iiskâld weromstjoerd. It makket neat út, dat wy fan ´e wike tebek gongen binne fan “estado de emergência” (=urginsje) nei “estado de calamidade” (=ramp)…
Hast gelyk – it semantyske ferskeel liket net botte grut te wêzen. Mar wy klamje ús – optimistysk as wy Portegezen binne 😊 – mar fêst oan ´e wurden fan ús presidint dy´t úthâldt dat it in takke tebek is. Och, sizze wy tsjininoar, ramp? Dat is gjin ramp, ju! Ramp hat eat tydlikens, no!
Politike spultsjes
It nuvere is al dat mûlkapkes ûnder de steat fan urginsje yn ´t earstoan net ferplichte wiene. Mar dat wie polityk fansels. De politike funksjonarissen steane al in bytsje foar merakel, no, as se in kapke as plicht oplizze at dy rotdingen net te krijen binne. No´t se der al binne en mei de goudpriis meibewege, binne se op slach ferplichte. Fuort ek goed foar de ekonomy – twa mosken yn ien flap. Ja, polityk…
Dêrom net, ik moast fan ´e wike al efkes tinke oan jimme politike spultsjes yn it ramt fan de striid foar it Frysk. Dat kaam sa…
Nei dokter
Wy wiene by dokter yn Mértola…
Hin? Nee, net slim, hear. Mar myn Maria hie foar fjirtjin dagen in tyk efter it ear. Dy hie der al in pear dagen sitten, noflik yn ´e lijte. It hie field as wie it in bultsje, sei se.
Hawar, ik mei poere alkohol oer it sabeare bultsje gear. Ik wit net of dat de manear is, mar it wie it earste dat by my opkaam. En de tyk liet yn die nei ferrin fan tiid sjongend syn ein slûpe, dronken as in bist.
De oare deis dochs mar efkes mei dokter skille. Hjir komme hoenear´t hja klachten kriget, sei dy. No binne wy net sa fleanderich om dokter, yn dizze snuorje al hielendal net, mar doe´t Maria klage oer benaudens, tocht my: Fuort mei de geit!
Krupsje
Dy riten dat alles har oanfljucht en dat se benaud wurdt, hat se de lêste jierren wol faker, sei ik tsjin dokter, winliken sûnt ús Lúcia slim siik is.
Ik hie dokter foar twa jier werom al ferteld dat Maria har dochter, dy´t har in jiermannich lyn by har feint yn it Ingelân nei wenjen set hat, fol kanker sit. As der ien is dy´t dêr anneks mei heart te wêzen, ornearre ik, is it dokter. Is ´t net sa!
Sûnt tsjinje de dokters dêre ús Lucy alle trije wiken gemo ta en hâld de krupsje safolle as dwaanlik is yn ´e stringen.
En soks heeft deryn, no!
By in mem, bedoel ik. Dat it deryn heeft by Lucy en dy, seit himsels.
In puierke fan dokter
Mar ik bring mysels wer ris fan it sjapiter…
Ik fertelde dokter, dat ús Lúcia sa wûnder yn ´e mjitte wie mei de nasjonale sûnenssoarch dêre (NHS). Ja, dat is sa, oppenearre dokter, dy is tige by tige. Hoe kin it dan sa wêze, kaam dizze waanwit fanwegen, dat it Ingelân de measte kroandeade kroandeaden fan alle Jeropeeske lannen te bejammerjen hat?
O, begrypsto dat net, jonkje, spuide – yn figuerlike sin dan, hin, fanwegen de mûlkapkes – dokter my op ´t festke, in systeem kin noch sa goed wêze, mar… it is de polityk dy´t beskiedt. En as de polityk risselwearret “Moai wat trochbuorkje, jonges, lit de gelearden mar kletse, mei har lullefikaasjes!”, dan kin dat fan sokke gefolgen wêze, ja.
It witte wolle
Ja, dêr hie se al wat by de ein, moast ik tajaan. Boris “Trump III” Johnson hie it yn it earstoan net op ´e hûd en set de boeisels op ´e kant. Hy hat him no beret, sa´t liket. Wêrom wit ik net 😉
Jair “Trump II” Bolsonaro hat it ek net sa op lju fan witnis – mear as 500 kroandeaden yn Brazylje yn ´e lêste 24 oere, hearde ik niis op it nijs. Hoefolle deaden, presidint, waard him okkerdeis fan in sjoernalist frege. Dat wit ik net, sei Bolsonaro, ik bin gjin deagraver!
Polityk, ja. Net myn sterke punt. “Us Jaap komt sa´t er is”, plichte ús mem al te sizzen doe´t ik jit in jonge wie. Spitigernôch is der neat feroare – ik bin jimmeroan in sjit-yn-´t-sûpen. Mar dat hiesto tsjin ´t sin al ûnderfûn 😉
No bin ik fannijs fan it apperdepo… Wat soe ik dy no eins fertelle?
Fryske polityk: twa ljochten brûke
O ja, dat ik it paad no folslein bjuster bin wat jimme tyktak… eh, taktyk oanbelanget…
Jim binne it no sa´t it liket wakker iens dat der juridyske prikken yn it wurk steld wurde moatte. Safier wie ik, tanksy dyn e-post fan ´e wike. Mar no komt it… tsjin de Underwiisynspeksje!?
Hahaha! Binne jim dan net… ehh, barking up the wrong tree? Of bin ik no yn ´e beane?
Do hiest dochs ferline wike in stikje út ´e krante op it webstee set? Wie de strekking dêr net fan, dat dy lanlike Ynspeksje kwikker en kwier syn wurk dien hie? Want se hiene yn har rapport set dat it skoof en skande is, dy libbene hannel yn frijstellings foar it fak Frysk!
Ja of ja?
En wie it net ús eigenste(!) provinsje dy´t op slach en stuit de opskuor delbêdzje woe? De provinsje! It moat net raarder wurde! Hat dy Poepjes in draaiwaarle yn ´e mûle?
Hoe neamt men soks ek mar wer? Twa ljochten brûke?
Mar, sa´t ik sei, it sil allegearre polityk wêze. En jimme witte grif folle better as ik hoe´t dat spultsje spile wurde moat. Dêr hat dizze ûnbehelp perfoarst gjin doel oer. “Us Jaap is sa´t er komt!” Hahaha! Us mem seach dat as in deugd. Moai, net.
Ja, skyt, neat deugd! Alteast, net as men it fier skoppe wol yn it libben – yn it bedriuwslibben en fral… yn ´e polityk 😊
NDF
Jaap
Heden, Ensafh.nl… hoe hawwe jimme dat sa gau yn ´e… eh, link? Ik moat de puntsjes noch op i sette en dêr wiene jim al 🙂