Wa’t swijt… stimt ta
Us mem stjoerde ek wol ris in oar om boadskip. Oft dat mei opset sin dien waard, wit ik net, mar… dy oar kaam gauris mei dingen thús dy’t net de bedoeling wiene. Dat, ik wie hast altyd it bokje.
Us mem sei der wol altiten by hokker winkel oft ik wêze moast. Dat wie mei ús heit oars; dy kaam neitiid mei allegearre ditten en datten.
‘Wêr hast west?’ frege er dan bygelyks.
No, dêr en dêrsa.
‘Hoe krigest dat yn ’t hier? Dy lju binn’ fyn!’
Krekt oft dizze jonge mei syn lyts ferstân sokke dingen byhold. Myn iennichst berie wie dat der wat swaaie soe as ik mei it ferkearde spul thúskaam. Mar as dat sa goed wie as it hoegde, wat koe it dan skele wêr oft ik it helle hie?
Dat, as lytsjonge learde ik al:
1. Wa’t lekke wurde wol, hoecht net perfoarst earst te trouwen
2. Us heit hat it net allinnich net stean op storein
3. De goeden moatte it mei de tsjoeden ûntjilde
Ik krige neitiid rillegau foar it ferstân dat ús heit net de iennichste wie dy’t omtinken ginneralisearre, mar dat it minske-eigen is en haw in skalk each op soartgenoaten fan bûten de eigen rûnte – dy wurde troch in pijlekkenske brul besjoen. En dat is fan dy gefolgen dat tsjins fakenfolle ûnberoaid ekstrapolearre wurde. Oars sein, in frjemde ko hoecht mar in koltsje te hawwen of hja wurdt al swart hjitten.
Men heart ek gauris de fraach: ‘Hoe is it mooglik dat de soarte dy’t ta ûnbetinge goedens, helpfeardigens en leafde by steat is, tagelyk safolle tsjoedens, ûnferskeligens en haat op syn fioele hawwe kin?’
Dat sil wol in retoaryske fraach wêze – bedoeld as in hillige wierheid – mar ik wol der efkes by stilstean om’t it der neffens my in leaflyts bytsje by troch is. Want, ik leau fêst dat njoggen fan de tsien minsken neat gjin galle yn sit; hja soene net oars kinne as hoeding en noeding jaan oan elkum dy’t dêr ferlet fan hawwe soe. Dut part fan it minskdom hjitte wy ornaris: de swijende mearderheid.
Wêrom oft dy mearderheid de earen hingje lit nei it bolderige bearen fan in minderheid dy’t de duvel fan ’e kroade gliden is en alle koltsjes ekstrapolearje wol?
Ja, dat is in goeie fraach? Ik soe it net witte.
Is dat bygefal de Hollânske ‘hokkedrollengeest’ (wie dat net in útdrukking fan Koot en Bie)? Dat hat dan wol it eksportprodukt west dat der wrâldwiid yn gong as slaad. Men hoecht lykwols allinnich mar jins (Fryske) boereferstân te brûken om te begripen dat alles wat liket, noch net wier hoecht te wêzen.
Jawis, de IDF lykje op it heden it gearballe kwea. Mar men kin fan tinken wol ha dat njoggen fan de tsien soldaten net botte tsjûk binne op Netanyahû en syn polityk. En it hat eigenskip dat it rûchste part fan it Russyske kanonnefleis yn Oekraïne der lyksa oer tinkt.
As it om Pûtin giet, ja. Dat seit himsels.
Recente reacties