Wat ntopper!
Van Gaal en ik binne it wol aardich iens, as ik op syn mâle gesichten en gebearten ûnder (!) de wedstriid ôfgean mei;
dat it in ûngelikense striid wie fan tweintich tsjin twa…
Hin?
Tweintich, ja. Ik rekkenje de skiedsrjuchter net mei, sjuch…
Watsei?
Twa, ja. Want Van Dijk wie neffens my wol op ‘e hân fan Noppert.
Hoe’t Oranje 1-0 makke, wit ik net. Doe wie ik krekt te pisjen. As Oranje fan ‘e pot komt, stean ik der krekt foar.
No, dêr moast ik fan op ‘e pot. Doe’t ik werom kaam, stie it 2-0. De goal fan Amearika haw ik sjoen. En it waard hast noch 2-2. Doe sprong de kat by my op ‘e skurte en… ek op ‘e ôfstânsbetsjinning. De kop fleach my op Oranje en de kat de keamer út.
Mei’t ik it goede kanaal wer werom fûn hie, stie it 3-1.
Men kin der wol wat fan krije…
1 reactie
[…] fierder by Jaap […]