Wat in prachtige wrâld

Nee, wol? Ha se dat fergetten? It moat net raarder wurde! En no moat ik mei in pinne yn in gatsje prippe. Ik wit net. Der hat in tiid west dat soks foar mij it oergearkommen mar wie. Mar ik bin langer frijwat trilderich.
It nuvere is, ik kin fierders alles wol mei dat nij ding. Allinnich dat ‘sim’, sa’tsto dat neamst, dat hat men fanneden om tillefonearje te kinnen? En krekt dat … dat ha se fergetten? 
Witsto noch dat men eartiids in saak yn rûn, sei wat men ha woe, de winkelman jin dat dan joech en it petear fierders oer it waar gie of sawathinne? Witst dat noch? 
Hjoeddedei freget sa’n winkelman – of yn ús gefal earjuster, in frommiske – jin it himd fan ‘t gat. De moed sjit jin fuort yn ‘e ankels. Mij al teminsten. Wêr bin ik yn ‘e goedichheid oan begûn? 
Ik moat op sokke stuiten altyd tinke oan dy rigel út dat ferske fan Louis Armstrong, at er it as âldman hat oer de skoalbern fan tsjintwurdich – ‘… hja leare folle mear as ik ea witte sil. En ik tink by mysels, wat in prachtige wrâld.’
Ja, prachtich, ja! Mar dêr sitte wol twa kanten oan. Want ik kin it bygelyks net mear opbringe en sjuch noch nei in tillefyzjekwis, want dan docht bliken dat de jongerein hielendal neat mear witte. Wat in argewaasje! Hja witte faak net iens wa’t op it stuit harren earste minister is.
Hawar, dêr stiet men dan yn ‘e bleate kont yn in drokke saak, mei efter jin in rige wachtsjenden. In nije tillefoan? Wêr oft mynhear dy foar brûke wol? Dêr begjint it al mei! Ja, wêr soe men in tillefoan foar brûke wolle? Om ien mei dea te sjitten … no goed? Hokker kaliber? Ik bedoel … hokker merk? (Der binne withoefolle merken, sjuch) Hokker model? (Der binne modellen by ‘t seksje) Hoefolle kB (of mB, of gB of wit ik wat)? Der komt gjin ein fan! En der sit ek gjin fersjit yn, want dizze jonge hat oars net yn te bringen as lege briefkes. Sjuchst it foar dy? Ik, yn ‘e bleate kont, it swit op ‘e rêch, dy’t yn panyk Maria oansjucht foar help. Mar Maria rôlet op sokke stuiten mei de eagen, sa fan: Sa docht er no altyd … sa ûnnoazel! Soe men der ner wat fan krije? 
Krij it ek net yn ‘e plasse en besykje tiid te winnen, mei tsjin sa’n frommiske te sizzen dat se moaie eagen hat, at se dy werris freegjend oansjucht nei in fraach en do de wurden net fine kinst. Men wurdt hjoeddedei samar beskuldige fan ‘assédio’ … hoe hjit dat? … fan net-winske kontaktsykjen.
Lang om let wer werom by de baly. Dêr moat men withoefolle nûmers opleppelje. Net dat ik dy net haw, sa net, mar … net yn ‘e holle. Ik moat myn gânse portefúlje leechskuorre om alle nûmers en sifers en koades en wit ik wat te finen. De pepieren lizze witwêr. En dan komt har ynienen wat yn ‘t sin … Ha wy it al oer de kleur hân? Dan kin ik wol beare dat de kleur my neat nukt, mar … Mitkommen! Sonst knallt ‘s! Dan moat dizze jonge alle pepieren wer opgrape (want dy kin men slim lizze litte, no?). Kleur fêststeld (Dat wie samar klear!) en wer werom nei de baly. Wer alle pepieren foar it ljocht. Oe heden, in beskermslúfke. Ja, dat is wol goed! Nee, niks wol goed …Hokker? En hokfoar kleur? Meikomme! Pepieren wer byinoar fandelje en … 
Hawar, do hast no wol byld, tink. En dat men dan sa grutsk as in stoaterske hoanne de saak útstapt mei in fierstente djoer apparaat dat … net docht wat er yn it foarste plak dwaan moat.
Ik hie fansels ek net sa’n nuver antwurd jaan moatten, doe’t hja my frege wêr’t ik it apparaat foar brûke woe. Silst sjen dat ik der feilleas mei sjitte kin. Mar tillefonearje … ho mar! Foarútgong neamt men dat, tink.
No, gean mar foarút! Ik kom wol … of net.

Mar tige tank, jonge! No begryp ik ek wêrom’t it âlde foan it noch al docht. Net om’t er snoader is, mar om’t er him it sim noch yn ‘e bealch … eh, it gat hat. Ik sil ris sjen oft ik dat gat fine kin, ek al sjuch ik it in gat yn ‘e kop. En oars draait it ding in mâl gat yn, kin ik dy no al fertelle.

NDF

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. februari 16, 2023

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]