Wat hurder oft it friest, wat gleoner oft wy wurde
Ja hear, yn it suden fan Portugal hat de Sibearyske Bear him ek meld, mar yn ’e ferstrûpersklean, as in Ibearyske Hear. En in deugdsum reintsje koene wy hjir skoan brûke. No wol ik dêr mis mei wêze, hear, mar sa’t ik it fan de wittenskipslju altyd begrepen haw, oppenearret it trochhinne(!) opwaarmjen fan it klimaat him yn gruttere(!) ekstremen, yn bjusterbaarlike barrens (freak events). ‘Kammeraat’ Trump hat lykwols begrepen, sa’t it skynt, dat de ekstremen just LYTSER wurde moatte, dat der in sintrale tendinsje geande is: as Kalifornië langer hieltyd slimmer yn ’e brân stiet, heart men de man net; mar as Jûkelburd op ’en nij hûndert dakleazen oan syn swurd reaun hat, beslacht er it mei de gek: We could use a bit of ‘global warming’ here, couldn’t we. Hahaha!
Bert Wagendorp syn earste rigels hjoed meitsje ik út op, dat hy it ek oars begrepen hat as ik-sei-de-gek. Mar ik sil Bert syn romantyske rite net ferbalje mei in bernich spultsje fan al wier/net wier. Lit ús harkje nei wat er hjoed wer te melken … eh, te melden hat … 😉
Woansdei iepene de krante mei in djip field: ‘Einlings de banen der wer ris troch’.
Wy waarmje op en natueriis sjucht men komselden mear, mar as dan ienkear Jûkelburd mei syn blauwe fûst op it wetter slacht, slacht ús it hert fuort achtentachtich. Ik ken guon, dy’t op slach alles dellazerje (gesin, bedriuw, wintersportfekânsje, karriêrekânsen, bangens foar de drinkeldea) sadree’t earne yn it lân in skoske natueriis sinjalearre is. Har wurdt in ynderlik twangbefel oermânsk: reedride!
Der binne withoefolle keunstiisbanen dêr’t men te allen tide terjuchte kin. Myn broer reizget lykwols alle jierren wer nei Sweden ta en byn by Stockholm om op. Mar dat is inkeld terapy, in needferbân om it swolmjende langstme nei natueriis hinne.
Woansdeitejûn kaam de offisjele bewissinge: it is safier, de alderearste maraton op natueriis. Dy krige syn beslach yn Haaksbergen, by iisklup IJsch, nei in fûle kampslach mei oare gadingmakkers yn it lân. Oft men earlik sprekke kin fan natueriis is de fraach. Dizze jonge is fan betinken dat wier natueriis oan twa betingsten foldocht: 1. Men moat der trochhinne sakje kinne, dat men der sels wer op bûkelje moat of fan in held rêden wurde; 2. Der moatte skuorren fan komsa yn sitte dêr’t men by ûngelok mei de redens yn komme kin en dan op it bikkelhurde natueriis soadedonderje. Beide betingsten foldogge de neamde banen net oan – gjin wetter ûnder it iis en fierstente tin foar in baas skuor. Mar wy rêde dêrmei, de Sibearyske Beer wâdet hjirsanne op it lêst net de drompel plat.
De taal past him oan, wurden dy’t lang neist de redens op ’e souder lein hawwe, komme foar ’t ljocht. It is ynienen wer ‘sa kâld, it murch befriest jin yn ’e bonken’ en ‘kruiend iis’ en ‘wyngatten’ meitsje de sitewaasje net feiliger. Ik seach earne ‘in diske op it iis’, no allinnich noch it oerute moaie ‘kistwurk’. Stokâlde riders helje noch ris op fan de ysbaarlik strange ‘winter fan ’63’.
In Alvestêdetocht binne wy te fier yn ’e tiid foar, mar wy gripe alle bewyskes fan iisfoarming oan en bring it dêr tabehearrende gefoel ta libben. Dat gefoel, dogge reedrydsosjologen te witten, is iuwenâld. It iis wie foar it noarden wat it karnaval is foar it suden; it stânferskeel swynt en op it beferzen wetter gouwen oare, minder stege seden en brûkmen. Der binne swide, broeierige dichten en ferskes skreaun oer dowefjuchtsjen en ferbeane tuteboarterij yn ’e reidkragen by de wâlkant lâns.
Iis hellet op fan in lân dat mei ferrin fan jierren weitard is. Iis is de kâlde weemoedigens dy’t in gleon fjoer yn ús ûntstekt. Soks kin net mei keunstiis, dêr is natueriis by fanneden, it glêshelder pripljocht fan it noarden en in dwerstrochalleshinne eastewyn dy’t al ús lytse soargen fuortblaast.
Guon, die’t op slach … los. Ynderlik, âs âldereaaest?
Midden: Sibear. bEAr. Iber-Hear moai foen. Cybear.?
Kroadzjend iis? Oeruut moai? Dowefjoghtsje? En ’t
Tuutsjeboàrtsje. Dwers-troch-alles-hinne streekjes.
Skeve Scaats, brike skek. Restaurânt by Jaap Eden.
Ynderlik, âs âlderearst.
‘Opslach’ wie mei opset sin oaninoar(!) skreaun, hear. Do soest ynienen en mei-iens ek los faninoar skriuwe, tink. ‘Ynderlik’ is gever, dêr hast gelyk oan. Do mei dyn streken! 😉 eh, streekjes.
Upslagh hast it oer by ’t lean. Layst Up Slagh alles dell.
Comst iin ienen dell. Mey ien’s is Oerset Hollânsk met-
een. Oan-‘n-oàrren en fon-‘n-oàrren en die 4 wörden èk.
Mey upset is Hollânsk. Mey sin if Friesk. Nèt 2 tageliik.
Opruiend iis, grúdzje? Dowe-fioghtsje, tuutsje-boàrtsje.
Hast Doekebert Waindoàrp siin stick calomnie,
iin de Fólkskrânte fon Sneon, noch nèt Oerset?
Gong oer byfuorriën fon beasten iin OVPuollen.
Ôlde wördbooken en Mem tefolle Noàrm by dy.
By de Categoryen if Frije oersetting fon Bert
what Oars âs de Vrije bewerking fon Doeke.
Bûtengréns Matrix en B’innen (B’iin) Matrix.
Gouwe Ouwe Dauwe May bliowe. Mei-iters.
Ôlderdom en Ouderdom alfabetisk by’n-oàr.
’t Is oars. It’s different. ’t If fris, café A’daam.
Bliid mey ferbettere up slàch. – Jaap & Jon Gerben.
“Die kriege up slagh, siin beslagh, iin Heaksbergen,
by iis-club (kluppen) IJsco, ney ’n fûlle camp-slagh.”