Wankend ûnk
Heu Piter,
Blinder, jonge, dat liket derop! Jannie hat my krekt in stikmannich fotokes trochdien fan jim nije hûs. Prachtich! In paleis! Wy hoopje dat jim it dêr fine sille!
Mei it knibbeltsje? Och, jonge, hâld der oer op! Im Süden nichts neues! Dy lofterskonk fan my sil him nea wer ta deugd oanstelle. Mar, sa´t ús Nynke okkerwyks al ornearre: Der binne slimmer dingen!
Slimmer dingen as sa´n medyske misset, bedoelde se. En dêr hie hja it grutste gelyk op ´e fiskmerk oan. Dat seagen wy sels ek doe´t ús Lúcia en dy okkerdeis delkamen, út it Ingelân wei. Hja is hielendal rûngear woeksen, ju. De kanker sit har sa´t it hjit ek yn ´e rêchbonke, sjuch. Hja wie in lape fan in fanke, ommers – in heale kop grutter as har Colin. Dat is no net mear sa. De bûsdoek waait him nei – in wyfke mei in bochel.
It is my wat. Hja kriget palliative soarch. “Net sa slim, ju”, docht se fiks foar Maria oer, “mem moat ommers ek de rest fan har libben medisinen brûke, foar hege bloeddruk bygelyks. No, ju, dat moat ik no ek!”
Moai sein, hear, en goed bedoeld, dêrom net, mar Maria wit fansels bliksemse goed dat kanker wat oars is as hege bloeddruk.
Mar, jonge, ik sil dy fertelle, do hast noch nea sa´n posityf fanke meimakke. Do witst hoe´t ús mem wie – eltse wolken hie in sulveren râne. No, doe´t Lucy jit by ús wenne, wie se de oare kant it neist. Njonken har wie ik suver in optimist. No, dat wol wat sizze!
Mar no, no´t it har beslist net meiwierret, besjucht se ynienen alles fan ´e ljochte kant. Ik wit net rjucht wat my dêr fan tinke moat. It is altemets wat in spultsje fan ´wat hurder oft it waait, wat fêster trêd´. Ik soe it oars ek net witte.
En Colin? Dat is har rots en har stins. Ik haw in ûnbidigen respekt foar de man. Nammerstemear, om´t er al in frou oan dy syktme ferlern hat.
Hja binne hjoed mei de hierauto derop út – in slachje troch Andalûsje. Sneon fleane se werom nei Southend.
Ja, wat sil ik fierders noch bejeuzelje?
Maria giet it goed mei. Nei omstannichheden fansels – dat begrypste. In helderopske, dat is it – hja kin my hieltyd noch tsien kear yn ´e rûnte.
En ik, ik gean noch twaris wyks nei fysio. Wêrom wit ik winliken net. Wat baat it?
Mei it oersetwurk giet it ek net bjuster. Meartaligens telt as in drip oan in amerfol wetter. Watte? Se leauwe jin kwealk mear op it heden, as men seit dat men jin yn mear as twa talen rêde kin. Toe mar!
Stalke Meindert, dy´t hjir lêsten wie mei de frou en in pear oare freonen, sei dat ik, grutte offert, ek net alle bûter op ien stik brea smarre moat.
Hoe bedoelste, frege ûnnoazelsma.
No ju, andere er, der binne ommers withoefolle websiden dêr´tst dy ynskriuwe kinst. Bist net troud mei dizze, wol!?
Ja, dat wie mysels noch net opkommen. Dat komt, ien formulier ynfolle: dat slagget my noch. Mar dan haw ik de piip ek út, sjuch. By twa smyt ik de kop yn ´e nekke.
Mar, wat moat dat moat. Mis is wer!
Folle leafs,
Jaap en Maria
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]