Vox populi

Unstjerlikens

In moai ferhaal oer diktator Franco, doe´t er foar it lêste anker lei…
Wat is dat dochs foar gebear dêr bûten, hime er yn syn deapauwen.
Dat is it folk op it plein, generalissimo, sprong in fertrouwensman dy´t njonken it stjerbêd siet, yn ´e hâlding, hja komme ôfskied nimmen.
Wêr sille se dan yn ´e goedichheid hinne?

It faksisme roek nammers ek wakker nei de lodde. Alteast, op it Ibearysk Skiereilân nei de anjelierrevolúsje yn Portegal, fan ´e wike alwer 45 jier lyn, en nei de dea fan Franco, in jier letter. Sûnt is de meast rjuchtse party yn it Portegeeske parlemint de Partido Popular, te ferlykjen mei de VVD yn Nederlân.

Alles wat liket hoecht noch net wier te wêzen

Doe´t foar in oantal jierren werom de grutste Portegees oan dizz´ tiid ta keazen wurde koe, wie eks-diktator António de Oliveira Salazar by grutte mearderheid de útferkarde. En nettsjinsteande de brêge oer de Taach fuort nei de revolúsje omdoopt waard ta “Ponte de 25 de Abril”, binne der yn Lissabon noch hieltyd 14(!) pleinen en strjitten dy´t syn namme drage.
En nettsjinsteande Spanje foar it grutste part (op in lyts stikje – Kateloanje –  yn it noardeasten nei) westlik fan ´e nulmeridiaan leit, hawwe se de klok nea wer tebekset, dy Spanjoalen, nei´t Franco dy destiids lykset hie mei Berlyn, út solidêrens mei kammeraat Hitler.

De lege midden

In pear moanne ferlyn, by regionale ferkiezings yn Andalûzje, stie ynienen in nije ekstreemrjuchtse partij mei it mês dwers yn ´e bek. En ik soe der net raar by opharkje as Vox – want sa hjit dy nije partij – hjoed de wenstige middenpartijen op ´en nij in speak yn it tsjil stekt. Want, se hawwe yn Spanje sa´t it skynt ek har nocht fan it hieltyd korruptere, liberale ´middle of the road´-monopoalje.
En ja, ekstreemrjuchts hat – fan âlds stipe fan tsjerke en God himsels – dochs wat mear sûchkrêft as ekstreemlofts…
Watsjo?
Jawis, der binne jit slepen yntellektuelen dy´t fêst leauwe yn neistenleafde en solidêrens – dy´t in goed boppewurk hat, hat ek in bulte fantasije, no. En hja hawwe fansels de adheezje fan opfretters dy´t soks wol talaket – dat útgongspunt fan “earlik sille wy alles diele!”
Mar de Opperhear hat de wrâld (te begjinnen mei dyselde opfretters) no ienkear in knikje oars febrike. Habsucht en oergeunst binne de haadtema´s. Mei fansels as kjers op de taart: it rjucht fan ´e sterkste.

De Katelaanske kwestje

As men it mei-inoar útfjuchtsje wol, dan moat men net allinnich it spielfjild begrinzgje (´nasjonalisme´ neame wy dat) mar dêrby de hûn mei de grouste bonke net útslute fansels. Dat, as katelysator op de opgong fan Vox hat de striid foar ûnôfhinklikens fan it al earder neamde Kateloanje omraak meiwurke.

Dy striid fan ´e Katelanen is teffens net nij, hear. Hja hawwe al in skoftke langer skjin harren noch ôf fan ´e Spaanske oerhearsker. Hja besochten al yn 1640 en kom los fan Kastylje. Om´t Marten Tromp krekt it jier dêrfoar 20.000 Spanjoalen nei beppekelder jage hie, wie Filips IV fan doel en stjoer in almeugende macht kriichsfolk nei it Nederlân. Mar ja, dat koe net trochgean fanwegen dy frettende fûl fjuchtsjende Katelanen. Wa wit, oft de Tachtichjierrige Oarloch foar de Lege Lannen net in oar risseltaat hân hie as de Katelanen der net west hiene. Wa wit, oft it Nederlân hjoed net in provinsje fan Spanje west hie, ûnder kening Filips VI – kening Tinto yn stee fan kening Pils?
En út poere tankberens waskje wy ús no de hannen yn ûnskuld: “Watte? De Katelaanske kwestje? Ja, dat is in Spaansk ynlânske kwestje, hear!”
Wa woe it ek mar wer hawwe oer minsklike solidêrens?

Pecunia non olet

In argumint fan tsjinstanners fan in ûnôfhinklik Kateloanje komme ek gauris op ‘e lappen mei: “It is harren inkeld om it jild te dwaan!”
Moai, net!?
Dat argumint jildt net foar de nasjonalisten fan Vox, tink?
Alles op dizze wrâld draait om jild.
Ommers, jild is macht.

It sil my benije jûn!

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. Jaap Slager schreef:

    It falt op of it falt del, mar… it falt ek wolris ta. Alteast, as men de opgong fan ekstreemrjuchts fan neat op 24 sitten sa oantsjutte mei. Dat binne wat my oanbelanget noch 24 te folle fansels. Mar ja, demokrasy, hin!