VII. Joadehaat: oerurven of oanwurven
Feiten:
- Hûndert jier lyn die Hitler in mislearre greep nei de macht.
It komt ta in feroardieling en tsien jier letter wint er de ferkiezings yn Dútslân. Wat dêrfan komt witte wy (at wy it net leagenje). - Oan ’e foarjûn fan de Twadde Wrâldkriich hold de American German Bund in gearkomste mei twahûnderttûzen nazys yn Madison Square Garden, oftewol yn it hert fan joadsk Amearika. Dizze ‘America First’-beweging (ja, doe al) woe him net minge yn ’e oarloch yn Jeropa, om’t se harren oer alle iggen en einen lykfine koene mei Hitlers tinkbylden en doelstellings.
- Mei de Japanske oanfal op Pearl Harbor bruts de Twadde Wrâldkriich út en krige presidint Roosevelt wer de boppehân.
- Noch gjin iuw nei de mislearre Hitlerputsch, docht de MAGA-beweging in mislearre greep nei de macht yn Amearika – net om dy te krijen, mar om dy te behâlden. De lieder wurdt dêr net foar feroardiele en fjouwer jier letter wint er de ferkiezings.
- Ûnder it biedwurd ‘America First’ wol dizze feroardiele misdiediger Amearika weikeare fan de oarloch yn Jeropa (en witwêr).
Fragen:
- Hat Japan yn 1941 de demokrasy fan ’e ûndergong rêden?
- Komt de Tredde Wrãldkriich te let? Stekt Noard-Korea te let de lonte oan it krûd?
- Moatte wy Pûtin gelyk jaan doe’t er oantôge dat it demokratyske eksperimint de minsklike natuer frjemd is, no’t wy sjugge dat it Westen hast as ien man foar it atavistyske rjucht fan de sterkste, oftewol diktatuer, kiest en de lytse man lytsman meitsje wol?
- Binne wy fan natuere nazys?
Recente reacties