VI. Joadehaat: oerurven of oanwurven

Ik mien dat ik dut triedsje lêsten ridlik neutraal úteinsette.
Ik frege my ôf wêr oft dy Pro-Palestinademonstraasjes, dy’t meast útrûnen op Anty-Israelkoaridommen, winliks weikamen. Soe it net folle better wêze en organisearje Pro-Ûnskuldigeboargerdemonstraasjes?
Mar nee, wy libje yn polarisearjende tiden dêr’t alles fuort óf swart óf wyt wêze moat: men is foar of men is tsjin. Neam it om my ‘binêre tiden’! En ien ding stie op ’e foarhân al fêst: Israel wie de lul en Hamas sa ûnskuldich as in pyk-yn-‘t-aai!
Sûnt wurde joaden oer de hiele wrâld derop oansjoen wat der yn Israel bart. Krekt oft hja troch harren kom-ôf allegearre gearspanne mei diktator-in-spe Netanyahû en – dat seit himsels – akkedearje mei al syn kedizen. Nuver, net? Dat komt op itselde del as it spultsje fan in jong Dútsk gesin yn ’e brân stekke om’t harren pake by de SS wie of sa. Dat roait ek igge noch seam. Dochs?
Trochdat de raketten fan Hamas allegearre ôfkitsten op in loftôfwarskyld en de terroristen sels harren eigen folk as skyld brûkten, wie it folle effektiver de bommen op ûnskuldige lânslju falle te litten. Watte? Hamas kin mar raak om him hinne sjitte, want Israel krijt dochs wol de skuld.
Watsei? Dat docht Hamas net? Meie wy soks net ferwachtsje fan terroristen dy’t yn en ûnder skoallen en sikehuzen beskûl sykje en allinnich noed stean foar harsels as it op medisinen, itenswaar en oar helpguod oankomt?
Mar wat moatte se dwaan as sokke helptransporten sa organisearre wurde dat it spul by de útrûpele ûnskuldigen telâne komt?
‘No, sjitte fansels! Want Israel krijt dochs wol de skuld! Haha!’
Hin?
Nee, dêrmei wol ik perfoarst net sizze dat der yn Israel gjin terroristen binne! Binn’ jim raar? Ik haw der ommers al ien fan neamd. Nee, alle folken op ierde hawwe neffens de Wet fan de Grutte Getallen in beneistenby gelikens persintaazje idioaten, mei útsûndering fan Fryslân fansels.
(Dêr rinne der wat mear om)


Dit vind je misschien ook leuk...