V. Joadehaat: oerurven of oanwurven
Us heit wie sa bang, fertelde er neitiid, dat er wol yn ‘e grûn weikrûpe woe. Doe’t it oer wie, fernaam er dat ‘ik de bek fol gers en modder hie – krekt oft ik my in skûlkelder frette wollen hie.’
No wiene de bombardeminten fan de alliearden justjes gjin presyzje-operaasjes. Us heit wie op it lêst op in túnkerij yn it Ruhrgebiet te wurk steld – net earlik in militêr doel dat de trochslach jaan kin.
Ik roai dat de Palestynske boargerbefolking yn Gaza sûnt 7 oktober lêstlyn it gefoel fan ús heit doedestiids goed neikomme kin – dat se fan bangens wol yn ‘e grûn weikrûpe wolle.
It is de hjitting dat se dat ek kinne soene, as Hamas dat tastie. Mar nee, de tunnels binne bleat foar opslach fan oarlochsreau, brânstof en oare foarrie foar gebrûk fan de ‘striders’ sels, en fansels foar de gyslers. Hamas lit him sa’t skynt in drôvich lyts bytsje gelegen lizze oan de eigen boargerbefolking. En Iraan oan Hamasstriders. Oars soe Iraan harren ek wol ferdigeningsreau (bgl. loftôfwarsystemen) leverje yn stee fan allinnich offinsive wapens. ‘Dy boargerbefolking moatte de Israelyske Definsje Foarsjes (IDF) mar noed foar stean, hear. Wy ha wol oare dingen oan ‘e holle, sa as raketoanfallen dwaan op harren lân.’ Of moatte de IDF harren systeem, de Izeren Stolp, even útsette, oant it tal slachtoffers oan beide kanten wer yn lykwicht is?
De irony wol dat de IDF neist noed stean foar de eigen befolking ûnder druk fan de ynternasjonale mienskip no ek ferantwurdlik wêze moatte foar de feiligens fan de Palestynske, dy’t bûten syn skuld hommels yn it ûnleech sit – ‘between a rocket and a hard place’ by wize fan sprekken. Dêrby moatte se ek noch ûnderskied meitsje tusken boargers en terroristen. En fansels de gyslers feilich en leafst sûn werom sjen te krijen. In op it each ûnmooglike misje – in ‘lose/lose situation’ yn goed Hollânsk.
It is alsa iroanysk dat de lieders fan Iraan, Hamas en Hezbollah (allegear manlju dy’t – om mar wat te neamen – net rjucht foarstanners binne fan lykberjuchtiging fan froulju) de ynternasjonale bewegings foar minskerjuchten (!) ynienen oan harren side fine by de wrâldwide massadimmestraasjes pro-Palestina, dy’t yn ‘e praktyk fakenfolle útdraaie op antysemityske dimmestraasjes. Dy bewegings moatte hielendal gjin partij kieze neffens my; hja moatte pro-boargerrjuchtendimmestraasjes organisearje… dy’t om my wol útdraaie meie op anty-haatkampanjes.
Mar troch dat partij kiezen soarget alles mei-inoar derfoar dat joadehaat oant yn lingte fan jierren oerurven wurde sil, om mar even op de titel fan dut triedsje werom te kommen.
De lieders fan Hamas en Hezbollah dogge de wrâld te witten dat se de wapens net dellizze sille foar’t Israel fan ‘e kaart reage is. Dat dy wit mar wat syn foarlân is as er iensidich de wapens delleit, bgl. foar in ‘humanitêre pauze.’
Recente reacties