VI. Joadehaat: oerurven of oanwurven

It fernuveret my dat alle man en wrâld har der ferskuorrend oer opwine dat de Israelyske Definsje Foarsjes (IDF) by it útrûgjen fan Hamas gjin ferskeel meitsje tusken terroristen en boargers.
Begryp my net ferkeard, dat soene de IDF – neffens my ek – wis wol dwaan moatte as it heal kin. De bylden fan foaral ûnskuldige lytse bern dy’t troffen binne, geane jin troch ieren en sinen. Sok lijen raast ommers oan ’e stjerren.
Nee, it fernuveret my net, dat hiele folksstammen dêr poerrazend om binne. Ik begûn dut stikje ferkeard by neier besjen. Ik woe eins sizze: it fernuveret my dat dyselde minsken har der net heal sa drok oer skine te meitsjen hokker lyts bytsje ferskeel der makke wurdt by antysemitisme yn it algemien en by de resinte pogrom en raketoanfallen op boargerdoelen út de Gazastripe wei.

Okkerdeis hearde ik in Amerikaan fan Palestynske komôf op tillefisy sizzen dat har regear ferskeel makket as it om minskelibbens giet.
No is dat wat in iepen doar neffens my, want dat hat ommers altyd sa west. Men kin it Amerikaanske regear wyt en swart ferwite as it om eigen boargers giet. Mar it frommiske sei dat it langer ek sa is dat it libben fan in Palestyn foar dat regear minder wurdich is as dat fan in Israelyt.
Sjuch, dat fyn ik wat in nuver sizzen, om’t it der alles fan hat dat ek Hamas skyt hat oan it libben fan de eigen boargers, as it wier sa is dat er him foaral yn boargerfasiliteiten ophâldt sadat it tal ûnskuldige slachtoffers maksimaal is by in op him ôfstimde oanfal, mei’t de ynternasjonale mienskip de eagen boppe op ’e kop hat oer sok dwaan… net oer it dwaan fan Hamas, mar oer dat fan de IDF.
En dan haw ik it noch net iens oer de withoefolle selsmoardoanslaggen yn it ferline mei as doel sa folle mooglik ûnskuldige slachtoffers te meitsjen.
Ja, dy hat men yn Amearika ek, dat is wier – mei fjoerwapens faak. Mar dêr giet it meastal om in ienling dy’t se alle fiif net hat. No is der by immen dy’t him in festje mei eksplosiven oanlûke lit, grif ek op syn minst ien it bolwurk om, mar… dêr sit wol in organisaasje efter – in organisaasje dy’t der blykber gjin bonken yn fine kin en stjoer in wat efterlik twiljocht út eigen fermidden de dea yn, mei it ûnthjit dat der smiten ûnbesliepte fammen op him lizze te wachtsjen yn ’e himel (of Katar) op betingst dat er sa folle mooglik ûnskuldige minsken út ’e ljochten helpt.
Healwizeling Netanyahû en syn ekstremisten hâlde de boel yn lykwicht troch der oan ’e oare kant yn om te slaan as mâle Jan yn ’e hinnen. Spitigernôch binne dat net de iennichste idioaten yn Israel.
Watsei?
Nee, ik sjuch ek gjin útwei út it konflikt yn it Heine Easten, salang’t media en minskerjuchtebewegings mei alle hynders op ’e dyk binne om te polarisearjen. It fiergeande fredesplan fan Arafat en Rabin is doedestiids ek net oan ’e smite ta kommen, om’t Arafat op it lêst de keutel wer ynluts foar Rabin syn opfolger Barak oer.

Mar alle leauwe, hoop en leafde is noch net ferlern salang’t der minsken as dokter Izzeldin Abuelaish binne, dy’t fjoer en flam trochgiet te krewearjen foar frede… ek al binne der fiifentweintich neiste sibben fan him omkommen sûnt 7 oktober lêstlyn. Sjuch, dat binne baasmannen.
Dat soe in goede premier foar Israel wêze.

Dit vind je misschien ook leuk...