Utslute of as gelikens bejegenje?

Myn stikje fan 15 july lêstlyn liet ik al yn skine dat de dynamyk yn ynterminsklike relaasjes my wakker yn ’e besnijing hâldt. It ôfrûne jier waard ik tige bedoarn mei twa(!) searjes Big Brother.

Wat wurdt men dêr no wizer fan en wat kin men dêrmei?
No, dat sil ik jimme mei houtskoal en kryt úttekenje. Doch de riem mar om!

Wat my alle kearen wer opfalt, is dat de ‘underdog’ de sympaty fan de sjuggers hat. Moat de ‘underdog’ dêr wat foar dwaan? Oars sein, moat er him op in beskate manear hâlde en drage? No, nee! Hy hoecht inkeld mar ‘underdog’ te wêzen.

Dus hy mei wol sa dom as in kroade en sa drûch as kramtried wêze?

Ja, hear — dat makket neat.

De earste wie in yntellekteweel dy’t wat opstekke woe. Dat hy stie iepen foar alles en alle man. Oft de oar it no goed mei him foar hie of him lytsman besocht te meitsjen, hy harke jimmer mei sân pear earen. De ‘underdog’ út de twadde searje wie te dom om foar de duvel te dûnsjen, mar wie him dêr alderminst fan bewust en waard dêrom folslein negearre en útsletten fan ‘e oare dielnimmers.
Beide ‘underdogs’ brochten it op dy manear ta de lêste twa.

Mar se wûnen it net. Beide kearen waard de finale wûn fan frommiskes. Beide winners hiene mien dat hja oaren — likefolle wa — as gelikens bejegenen. Hja hiene beide in sterke persoanlikheid en in útsprutsen miening, sa net, mar hja wiene de ynkarnearre evenredigens en leine it stânpunt fan in oar nea ofte ninter leech; hja lieten de oar útprate, befêstigen dat se syn of har miening neikomme koene en seine dan oft se har dêrmei lykfine koene of net.
Wat ik dêr yn ’e praktyk mei kin — mei dy witnis?

No, neat fansels. Mar ik moast dêr justerjûn al efkes oan weromtinke doe’t op it tillefyzje twa presidintskandidaten it tsjin inoar yn ’e kamp leine — in sosjalistysk foaroanfrommis en in populist. In populist dy’t teffens stibelearre wurdt fan Marine Le Pen. No, dan witte jim it wol, tink.

Mar no komt it…

De sosjalistyske kandidaat makke neffens my de klassike (en o sa minsklike) flater en sjuch op de oar del as in dokter op ’e dea. Hja fielde har dúdlik fan ’e miet ôf superieur yn yntellekt en opfettings.
Hie hja no in begenedige sprekker west, sa hie it altemets noch wat wurde kinnen. Mar, oe heden, nee — dat ek al net.
‘Gefundenes Fressen’ foar de populist fansels. Dy stie fuort nei de ôftraap al mei 2-0 foar.

Dêrom net, men wurdt net wizer fan sa’n debat. Want se falle inoar yn it wurd of prate oer inoar hinne; dat de skoare feroaret net folle mear oan. Want, hoe tinkt jimme soene bygelyks de sjuggers dy’t yn’e lytse loege sitte, har yn ’e steek litten fiele en fine dat der net foldwaande nei harren harke wurdt, reagearje hoenear’t de spjeldeprippen fan de populist, dêr’t er tige tûk mei appelearret oan de folksmiening oer hege miters en oare minderheidsgroepen, beändere wurde mei wanachtsjen en skeetskens?
Just Jehannes, hja kieze partij foar de ‘underdog’!

Sjuch, no binne wy der…

Want in pear dagen ferlyn hiene wy dat gesoademiter yn Washington ommers ek.
Jawis, it part fan dy mannichte dy’t it Kapitoal oan spuonnen sloech, wiene fansels hystearyske folidioaten — dat stiet as in daampeal. Mar it grutste part, dat meast bûten stie, soe om myn… eh, part wis wol bestean kinne út lju dy’t it paad bjuster binne, dy’t oprjucht miene dat se immen fûn ha dy’t harren beswieren earnstich nimt (“De man seit it!”), dêr bytiden in sitdei fan hâldt en each hat foar harren problemen — of teminsten beart dat er dat hat.
Dat as men dy lju no yn ’e hoeke triuwt mei de hystearyske folidioaten, is dat neffens my pik yn ’t fjoer.

En, ja, Ana Gomes, soks is fansels om jin gatten yn ’e hûd te biten, as men wit dat men de duvel yn eigen persoan foar jin hat, mar dat dy moaie mynhear foar de gelegenheid yn bras en (reade!) das is, him de hannen yn ûnskuld wasket en ek noch in kompromittearjende foto foar ’t ljocht hellet en oan ‘e sjuggers toant dêr’t men laitsjend op stiet njonken jins premier dêr’t neitiid fan bliken die dat er omkeapber wie. Bliuw dan mar ris kalm en bedaard! Nee, dat falt om de donder net ta. Mar Ana heart fansels al te witten dat Ana as fêstige jeroparlemintariër by party sjuggers al net mear ûnfertocht is en dêrom foar it earste fluitsinjaal al mei 1-0 efterstiet. En dat dy provosearjend glimkjende duvel, mei syn reade strik foar, derop tidiget, dat Ana by it minste it swurd úthelje sil… en hy de warleaze ‘underdog’ spylje kin.
Ana hat op it lêst te lang foar bottelier fearn om net te witten hoe’t it yn kelder en keuken om en ta giet.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. januari 10, 2021

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]