Ut Ruslân, mei hate

  • IMG_0028

Men kin it minskdom op withoefolle manearen opsplisse, bygelyks yn selsstannigen en ôfhinkliken – oftewol wurkjouwers en wurknimmers.

Dy earste groep hie oant foar goed hûndert jier it allinnerjucht yn ’e polityk. Dat, de letterlike oersetting fan it fan oarsprong Grykske wurd dimmekrasy moast men oant foar koart mei in kerltsje sâlt nimme. Sa net, dimmekrasy hat altyd wat in eufemisme west foar plutokrasy (of oligargy, si vous voulez). En ik leau net dat ik der wat mei missis as ik eigenbelang de wichtichste foarsje yn ’e minsklike natuer neam.

Dat, it wie de hearen sa wol nei ’t sin. En men bleau moai op ’e hichte fan de lêste ûntwikkelings mei in bytsje eameljen oer polityk op ’e soas.
De oare groep hie gjin stimrjucht. ‘Moai sa litte, no?’ fûnen se op ’e rotary. Mar doe’t it revolúsje waard yn Ruslân, kaam op dy weach fia Dútslân in wrâldwide bewustwurding fan ’e arbeidersklasse mei. Hja woene ynienen ek meikedize.
En de hearskjende klasse yn Ruslân kaam der rillegau efter dat withoelang frustrearre eigenbelang ringen omslaan kin yn oergeunst en sels hate… mei alle gefolgen dêr fandinne.

It duorre net botte lang foar’t ek de Dútske arbeidersklasse him foar de karre slaan liet, diskear fan ien út Eastenryk. Dy lytse man wist krekt hoe’t er mei in grut wurd munt slaan moast út ’e frustraasje by it… uh, gewoane folk. Sa sette er in manmachtige arbeidersbeweging yn gong dy’t gânse befolkingsgroepen foar de loop naam… mei alle gefolgen dêr fandinne.

Dat noait wer! rôp men wrâldwiid. Mar de memoarje hat koarte skonkjes.
En de dimmegooch hie wol oantoant dat leagens, dat is wier, ek koarte skonkjes hawwe, mar… mei de juste propagandamasine efter harren it likegoed ferrekte fier bringe kinne.

In noazem (mei koarte skonkjes) út Sint-Pitersburch, dy’t fan Boris Buorrel yn it seal holpen wie, tocht by himsels: ‘Ferrek, no mei it ynternet is it hielendal in kâld keunstke!’ En hy sette in tal leagenfabriken op. Dêr holp er bygelyks Kremlin-gremlin Trump mei oan ’e macht, troch yn ’e ‘Feriene’ Steaten minderhiden en dimmekraten op it harspit te nimmen mei syn falsk nijs. En diskant de feart holp er in oare Boris yn it seal. Dy rôp yn it ‘Feriene’ Keninkryk dat de fêstelanners it dien hiene. En sa foel en falt it iene nei it oare lân foar de hatepost út it leagenfabryk fan lytse Flady. Net allinnich yn eigen lân en Jeropa, mar ek yn Afrika en Latynsk Amearika wit er de oergeunst en hate fan ’e wrokjende massa feilleas los te kideljen mei falsk nijs. En de media helpe wol, troch bygelyks elk bewyske fan hanneljen út eigenbelang fan pommeranten bûten alle mjitte út te fergrutsjen, krekt oft alle ‘gewoane’ minsken frjemd binne fan dizze djipst minsklike driuw… ynklusyf hjasels. Oft it wier is of net, docht net ta de saak. ‘Bist raar! Mar it is goed foar de sjuchsifers… en foar myn karriêre as rioelsjoernalist.’ Hoesa eigenbelang?

It is de hjitting dat dimmekratysk keazen pjut Pûtin sels in yngreven hekel hat oan de steatsfoarm dimmekrasy. ‘Dimmekrasy hat syn tiid hân!’ soed er ris sein hawwe.
Watte? As er doelt op algemien kiesrjucht, hat dy steatsfoarm kwealk hûndert jier bestien… mei Hitler, Mussolini, Nixon, Jeltsin, hysels, Orbán, Duterte, Bolsonaro en safuorthinne as risseltaat, om mar guon te neamen.
Dat, yn feite is pjut Pûtin net folle mear as de safolste Don Quichot, dy’t tsjin wynmûnen focht, oftewol tsjin inerlike geasten. Wat my oanbelanget, mei it pyst as in foech omkearde Baron von Münchhausen it dêrfan winne en himsels sadwaande it moeras yn lûke.

Mar, foarearst hawwe ek de – histoarysk as ferdraachsum bekend steande – Lege Lannen op him stimd. Frou Zelensky biet har op ’e tosken nei dy ferkiezingsútslach: ‘De seespegel hoecht net iens te stigen; dy Hollanners ferleegje harsels wol.’

Dit vind je misschien ook leuk...