Us pake en de Russen
– Jim pake hie wol gelyk!
– Hee, Stoltenberg …
– Do Jenst my altiten!
– Hast gelyk. Jens! Hoe is it mei dij, jonge?
– Och, sa slacht men nearne mear nei as nei miggen en sa sit men yn it sintrum fan ‘e macht – it bledsje is omkeard.
– Ja, dellings wurde bergen … ik haw dêr gruten fan heard.
– Och, bergen … men ferliest safolle oan ‘e lonte as men mei de oarloch wint.
– Dy slach is dinent! Wêr wolst him ha? Haha! Mar fertel my ris, wat mei ik foar Jens dwaan?
– Jim pake hie wol gelyk … wat dy smoarge Russen oanbelanget!
Hjir moat ik faaks de lêzer efkes op ‘e hichte bringe fan ien en oar …
In pear jier ferlyn, doe’t Jens al wakker oer it wetter jage waard, mar suver op ‘e knibbels lizze moast en deklarearje in lunch, sieten wy ris tegearre oan it middeisbrochje yn it Savoy yn Londen en kaam te praat dat ús pake sa alderferskuorrendste benaud wie foar de Russen. ‘Ik begriep dêr neat fan,’ betroude ik Jens doe ta, ‘de man wie deasiik en rûkte al omtinken nei de lodde en wêr makke er him drok oer? Oer de Russen, hahaha!’ Jens hie ek slop west. ‘Hy hie no ris sjen moatten. Hja binne gjin turf heech mear, hahaha.’ Doe’t er om ‘e rekken frege hie, meneuvele ik dat er it bontsje lizze litte moast. ‘Ik betelje wol, jonge!’ No, dat wie goed, mar hy woe perfoarst ha dat it de folgjende kear op it konto fan ‘e NAFO kaam. ‘Ja, klear, jonge!’ haw ik doe wat skealik lake.
En lêsten hong er dus ynienen oan it tillefoan. Sa, no witte jim hoe let oft it is …
– Dat ús hiele strategy moat oer de kop, Jaap. It gânse plan moat op ‘en nij ginnerearre wurde, mei de Russen as grutte bedriging. En ik haw it lang en de lang net oan tiid.
– Ik begryp it, Jens. Sit der mar net oer yn, jonge, ik rêd my dêr wol mei!
Dat, as ien him ôffreget wêrom’t der langer net mear fan dy flauwe stikjes útkamen … ik wie sa drok as de brân mei it skriuwen fan it nije NAFO-plan. Vale vale?
Recente reacties