Us link ûnk
Ik mende myn golfweintsje by fersin in sânbak yn. It bleau op ‘e side yn it molle sân lizzen.
In wolken fan in frommis dy’t sûnt koarten in baas filla njonken dy grien hat, siet topless oan ’e râne fan har swimbad en fleach oerein. Ik kin my efternei mar net begripe dat ik har al wol sjoen hie, en dy bunker net. Hiel apart!
Och heden, leave man, holp se my op fuotten en kloppe my it sân fan ’e boksen, itjinge my neat net mishage, kom der efkes yn en bekom wat!
Ik wit it net, Diana, wifke ik, ik leau net dat myn Maria dat op priis stelle sil.
O, jo kenne my by namme, seach se my mei grutte glânzgjende hazzenúteagen benijd oan fan ûnder withoelange gitswarte teisters. Hja wist skynber net, dat se yn en om de njoggentjinde hoal it aktuele ûnderwerp fan petear wie as der gjin froulju by binne. En dat lêste kin gau, want it tal sieddragende leden hat langer in grutte flecht nommen.
Ik bin Jaap, joech ik hurd in draai oan it petear. Wy fûstken. Har sûkeladekleurige molkenkeamers dinen mei. Dat ik liet har hân mei wjermoed wer gean.
Ik sil jo in gin&tonic meitsje, besocht se it pleit te winnen, dêr kwikke jo grif fan op. Wy kinne neitiid dat weintsje fan jo wol rjuchtsette.
Ik bin neat net tier, andere ik, en ik soe der hast oan taheakje: ‘ik mei ek wol sûkeladepudding’. Mar ik bedimme my op it nipke, sette de haksinen yn it sân en sei: … mar it moat mar net wêze. Ik leau net dat myn Maria dat ha wol, sjuch.
A ju, trune hja oan, it is allinnich om wat yn it ferset te kommen. Net ien hoecht it te witten.
Ik liet my lang om let belêze en mei yn ’e hûs troaie.
It bleau net by ien gin&tonic, haw ik noed. Doe’t se mei de tredde foar my stie, wie ik sa op ’e diggel dat ik mei de dryste holle oan de twa strikjes luts.
Hja hie yn eltse hân in fol glês en koe dus net foarkomme dat it broekje oer de flier rûgele. Poerneaken stie se foar my.
Alle ding hat syn beroai fansels, dat my tocht: Oe heden, no sil ik de pap wol kuolje moatte!
Mar hja skattere en krûpte, wiidskonks dûnsjend en de glêzen yn ’e hichte hâldend, by my op ‘e skurte.
Ik wit net oft myn Maria dat wol goed fynt, abbekate ik noch tsjin. Mar in man is net fan izer, no.
Om koart te kriemen, it waard in hole-in-one …
Watsjo?
Unnoazele fraach — in 3-izer fansels!
Hawar, doe’t wy wer njonken inoar sieten en Diana fan har drankje lipke, seach se my nei ferrin fan tiid fansiden oan en hjitte gutich: Nochris!
Ik wit net oft myn Maria … woe ik dêrtsjinyn lizze, mar Diana foel my yn it wurd.
A ju, dy hoecht it ommers hielendal net te witten! Wêr is hja winliken?
Ik seach Diana oan oft se Duodsjemuoi wie.
Maria leit ûnder it golfweintsje, ju …
’n huMân is nèt fon iisder up ’t läst …
Aes. Amaxone wain-menner Asia Minor.
Beach-club boàrtsje mei ’n frjemde frau.
Club-bing, putting is ’n stick brûke to slaan.
Dau’tzje-Muoi & jager ‘Diana is Artemiss fon
Efeze.tu ExChalyborus aesuard ’t izer swörd.
FerroGemy iisder, izer & stiel Tata Mital Ynje.
Golf-club, golf-en, golf-links & rioght’s kolve?
Hoale-iin-ienen slain! Letterlyk & figuerliken!
Marije-ke & Jezus b’inne Isis & Horus.eg
XOPYC – HORUS.ru voivodka gin & tonic
Wareme Golfstream iin ‘e Ûkraïna: Baaie
Golfstream.ua – Інтернет-магазин одягу для всієї родини.
Ik mende ’t waintsje by forsin ’n sân-back iin. E-quêde, cäddy.
’t Blew up ‘e side iin ‘e moude lizzen.
JONVLOGGER.PT iinternet-magaziin odjagû dlja vsjéï Rodini.
JonVlogger.pt EÚ “Uut Egypte hav Ik miin Soan helle.” Uut NT.
throagh Jaap Slager oan ’t boàrst, juH
Wide Sargasso See ’n ielshûd fon iil
‘1000 Places to See Before You Die’