Us doarp
Heu M,
Blinder! Dat is my ûntkommen! Doe’t ik sneon klear wie mei de oersetting fan I survived fan Victoria Cilliers, tocht ik: M en dy sille ek hast op it fleantúch stappe, tink. Ik sil ris hifkje!
Mar juster haw ik de hiele dei op it dak sitten. Of leaver, ik haw it dak fan in feilige ôfstân ûnderklidere mei in foech rubberferve yn ‘e kleur fan ‘e dakpannen. Want, ôfrûne moandei, doe’t it ús Keimpe syn jierdei wie, spielde it ynienen in pear kear. En doe die bliken dat it dak fan de… uh, entree, sil ik mar sizze, op twa plakken lekte. Wy besykje al fiif jier en fyn immen om it dak te fernijen, mar dat is ús net slagge. Dat dan moat men sels, no?
Mar dat is wer moai! Dat wie dus presiis op de dei dat jimme hjir oankamen. Dat it spielde, bedoel ik. Jimme sille wol tocht hawwe: Jaap seit altyd dat it nea reint en, sjuch, it eazget! Meast bliuwe dy dingen beheind ta it noarden en de midden fan it lân. Mar no wie it hjir ek. Wy wiene der bliid mei, mar sa mâl ynienen hoechde it om mij ek wer net. En om’t de folgjende stoarm – Hermínia as it my net mist – op kommendewei wie, tocht ik: Gau dien wurk meitsje mei it boek oersetten en dan it dak op! Mar it wurdt neat, sjuch ik al, mei it reinwetter. In soad wyn, dat is oant no ta alles. Oftewol, it gappet wer wider as it byt.
Nee, ju. Dat liet fan Pomarão wie der al. Jorge hie it ynsongen en in Dútsk frommiske (de dochter fan Thomas, dy’t in pear moanne lyn ferstoarn is) hie my de opname trochdien, want hja woe it graach útskreaun hawwe. No ja, foar sokke dingen hoecht men by de measte Portugezen net oan te kommen – it analfabetisme is hjir hast noch mear húsriem as yn ‘e Nederlannen. Dat doe’t de oersetting fan it boek sneontemiddei yn kalk en semint wie, haw ik hurd efkes nei de lûdopname fan ús Jorge Cavaco Reis harke en it delskreaun. Ik haw ek al efkes by him hifke oft it goed wie (want lêzen slagget him noch al) en it wie yn oarder, seid er. Dat no haw ik dat Dútske frommiske en dy opdracht jûn en lear it út ‘e holle foar de takomme kear dat se hjir binne. Harren earste Portugeesk ûnderrjucht. Want se wolle harren hjir nei wenjen sette at se mei pinsjoen binne, sjuch?
Dus jimme hiene juster al wat storein oan ‘e Algarve. No, dat sille wy hjir dan faaks noch krije, mar dan moat it al hurd feroarje…
O, wachtsje, in eameltsje fan ‘e garaazje. Ik haw maleur mei myn autogurdle, hie ik harren juster skreaun. Dat ik sil gau sjen wat se te keap hawwe. Wy winskje jim in protte wille, better waar en oant gau!
Leafs,
Jaap en Maria
Recente reacties