Us bargedútsk

It Afrikaansk liket in wakker ferienfâldige fariant fan it Nederlânsk te wêzen – en dat is ek sa. De taal is ta stân kommen op de folgjende manear …

Doe’t Nederlanners – benammen Hollanners en Sieuwen – har destiids nei wenjen setten yn ’e Kaapkoloanje, wie it sa de swang en lit de opfieding fan ’e bern oer oan it personiel – personiel dêr’t út reden fan sunigens gauris om socht waard ûnder de ynlânske befolking. Dat as heit en mem ier en betiid oan it wurk teagen op it lân, kaam it húswarjen op foar – lit ús mar sizze – de feint en de faam (yn ’e beneaming ek wol ‘slaven’): ‘Mar, tink der goed om, inkeld Nederlânsk mei de bern prate, hear! Gjin kluchten!’

No skynt it sa te wêzen, dat it Nederlânsk ien fan ’e dreechste talen is om te learen en …

Watsjo?

Nee, foar Friezen net, nee. Haha! Dy slach is jowes.

Hoe sil ik dat ris goed beskriuwe, dat wy it wat foar ús krije kinne?

Ja, ik wit al wat. Hark ris oan!

Jûns by it ôfljochtsjen falle jo gear oer in poerfrjemde famylje mei lytse bern en it neifolgjende twapetear ûntwynt him.
‘No, is dat net in tref,’ freget de heit jo, ‘wy wiene winlik op ’e siik nei in rûte om ’e noard nei Ynje ta en no ha wy poer tafallich Fryslân ûntdutsen. Tige lokwinske, hear! Wy bringe jim ús kultuer, brûkmen, godstsjinst ensafierder! Nee, neat te tankjen, dat is wol yn oarder! Meitsje ús no as de hagel wat te iten, want wy hawwe skroei as in poep nei it slatten, nei sa’n blinderommen ein farren! En meitsje ek it bedstee ree, want wy moatte der moarnier betiid ôf om te melken – in moai soadsje kij, haw ik al sketten! Jim meie sels om mij wol in sliepplak sykje yn it bûthús, hear, want mei sok waar kin men gjin hûn útjeie. Witst wat, jim kinne ús oerdeis moai op ’e bern passe, wylst it wiif en ik yn ’t swee stean. Hoe liket dy dat, heite? Ofpraat! Mar tink der goed om, allinnich Swahili tsjin har prate, hear! Gjin kluchten! It wiif en ik wolle net hawwe, dat de bern skielk dat ketterske bargedútsk fan jimme oernimme. Goed begrepen?’

Hallo, ik sei niiskrekt fan ‘twapetear’, mar oant no ta ha jo oars noch net ynbrocht as lege briefkes. Jo moatte der al by wêze …

Watsjo? It lykje wol Hollanners? Ut ’e grutte stêd wei? Haha, no’t jo dat sa sizze, it skeelt net alles, nee. Dêrom net, mar yn it Afrikaansk hawwe se ek sa’n moai sechje oer wetige stedslju; se sizze dêr: die beste boer woon in die stad.
Moai, net!?

Mar dêr giet it no net om. Wat ik mar sizze woe, is dat jim der wol oan ha soene en praat sa’n poerfrjemde taal fan jinsen. Nei alle tinken, soene jim yn ’e taal fan jim nije hearen omslaan as mâle Jan yn ’e hinnen – gauris in útgonkje ferjitte, bytiden tige koart om ’e bocht krieme en wittefolle taaleigen fan it dochs sa rike Swahili omtinken simplifisearje. Tinkt jim ek net?
No sa.

En sa is it mei it Nederlânsk yn de Kaapkoloanje ek gien, sjuch. De bern fan ‘e kolonisten hiene mear gedoente mei de slaven, dy’t dus ferplichte waarden om Nederlânsk te praten, as mei …

Watsjo? It lykje wol Hollanners, want hjir yn Fryslân …? It wiene Hollanners, ju! Jo moatte de kop der no al efkes by skuorre, hear! Oars stean ik hjir fansels as Jan mei de koarte skaainamme te redendielen.

No goed, dy bern sloegen dus mear om mei dy slaven as mei har âldelju. Hja waarden grut en krigen op har bar bern en dy krigen wer bern ensafierder. Dat men kin fan rieden wol ha, hoe’t sechjes ûntstien binne as ‘wil is kan’, ‘wat die oog nie sien nie, kan die hart nie deer nie’ en ‘hoe mear dae, hoe mear neukery’.

Wy Friezen binne wat nofliker fansels as Hollanners en Sieuwen, wy skewiele mear. Wy drage ús bern ek oer oan poerfrjemd personiel, dat is sa – lju dy’t meastentiids gjin Friezen binne, lit stean fan Frysk prate kinne. Lju dy’t boppedat neffens in systeem wurkje dat yn De Haach optocht is.
Hawar, om koart te kriemen, wy drage ús bern dus oer oan dy masters en juffers en hja freegje ús fansels fuort, sa’t it heart: ‘Allinnich Frysk, tink?’
En dan anderje wy: ‘Och, dat komt net sa krekt, ju. Hoe’t it jim mar it bêste past. Doch mar krekt, sa’t it jim útkomt.’
Dat sis ik, wy skewiele mear, binne nofliker yn dy dingen. En ús bern krije bern en ús bernsbern krije wer bern … ensafierder.

Dit vind je misschien ook leuk...

3 reacties

  1. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Koet, meerkoeter-waals, Kauder-welsch, ChuReto-romansch.
    Poep mei haadletter, coot, Cocytus rivier ûnderwrôld, Hântsje
    Bube uut Papenburg, Fest-Walen, Duutser, Miër, seinemeaner.
    Sieuw en ieu if foàr uutspraak better âs iuw, Akadeemje-fólk!
    Op ‘e siik ig gjin Friesk. Wii siekje of binne oan ’t siekjen, heär.
    Sawhathinne 3x en sawathinne blêd ensafh is Endawh.(inne)
    ’t Afrikaantsje of tuunkaantsje ig gjin Kaaps fioeltsje, ’n anjer.
    Slavedriowers up Mediterranee uus Marine en Mafia farre die.
    Swahili mei ’n -i, may fon mi. Negers temden gjin zebra-hiinder.
    Boeren fierden kriegh tsjin Britten om 1900. Sette kwea bloed.
    Kapers koene reckonje up sibben iin Lege Lawnen – Dauwe K.
    Mallejan is ’n hoefstal, outillage used äs a tool winning wood.
    Oer De Hage, Hollânners en harren Keamers en Rutte-regear.
    Jon Lul if Fries of fjemd, koloniale Besetting & Gâstarbaiders.
    Juffers of juffrau up skoàlleplain, wetterjuffer is ’n prikke, juh.

  2. Jaap Slager schreef:

    Nuver.
    Ik hie sa’n fêst groepke fan krapoan hûndert lêzers alle dagen. Mar dit stikje komt ynienen net iens oan tweintich. Soene se misledige wêze, de learkrêften dy’t alle dagen krewearje foar it Frysk? Ik woe allinnich mar wat sjarzjearje, hear – it is in hyperboal, oars net.
    Of is der reedriden op it tillefyzje?

  3. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Uut ’t eegh, uut ’t hert – think.
    What mear da’e, what mear
    neukerij. Of soademitereye.
    Sharzjearre hyperboalen, ja!
    ’t Sill die dyn reed ruostkje?
    Om de Noord, is moai boek
    fon prof Marijke Spies silger.