Us alderleafste omke Pyt
– Wy leine op in kear mei it skip yn Philadelphia. Hoe wie dat ek mar wer…?
Omke klaut him yn it burd, oft er dêr it antwurd fine sil.
– Ik leau dat it foar grut ûnderhâld wie of sokssawat. Hawar, dat kin ek it measte net skele. Wy leine dêr mei it skip en it wie in spultsje fan ôfwachtsjen oant de boel opkalfatere wie. Wy hiene dêr noch net earder west. Dat, sadree’t it lije koe, woene wy efkes yn it waar sjen.
Wy rûnen Washington Street del doe’t der in espeltsje fammen op ús takaam. Hearke noch ta, wat in kreaze famkes! Singelier! Likegoed wol allegearre in winkeltsje ûnder it skelk. Hja lutsen har de klean op en miauken fan: ‘Pussy?’ En ús fuort oankrûpe: ‘Pussy? Pussy?’
Ik kin der net botte oer as froulju sa oansjitsk binne; in bytsje ynbannigens mei om my wol. Dat, ik hie gau myn nocht.
Wy stutsen earne oan foar in bierke. Ik siet noch mar kwealk of… ja hear, dêr kaam my alwer in frommiske oer it mad, justjes riper as dy fan niis. Oft se wat fan my te drinken krige?
Net in bierke fansels… Nee, jonge, fuort yn ’t rare – sjampanje!
Ik seach it in gat yn ‘e kop, want ik koe dy fiten al wol. Ik soe op ‘e ein fan ’e jûn de alderdjoerste sjampanje betelje kinne, wylst hja fan de barman gewoan kûgeltsjebier tapijd krige hie. It priisferskeel waard dan neitiid ûnder har ferparte, sjuch?
Mar in pear boarsten dat se my foarhold…
Jonge, jonge, hast it nea sa sjoen! Goed melk, seine wy doedestiids yn Fryslân. En ik koe by it dekolletee yn wol sjen hokker kleur broekje se oan hie. Gjínnent!
Se koe wol wat te drinken fan my krije, sei ik iiskâld, op betingst dat ik earst har boarsten efkes fiele mocht.
No, dat mocht.
In wûnder wie ’t, sil ik dy fertelle… spienen as druven! Myn kammeraten rôlen de eagen út ’e holle.
Ik sei, sa droech as in pûn moal: ‘Tige, leave… Dat is my wol in bierke wurdich!’
Mis fansels!
Hja joech har nidich ôf.
Doe’t wy rekkenje soene, wonk ik de barman.
Mar… wêr wie myn jild bedarre? Ik nochris ta de kontbûse, mar… nee hear, fuort! Hoe koe ik myn sinten no weibrocht hawwe!? Ik liet alle aventoeren fan dy jûn nochris yn my omgean en doe gong my ynienen in ljocht op… Wol ferdomme, dy smoarge bleikes!!!
Aldergelokst treau ik altyd in muntbriefke yn ‘e lofterskoech as wy derop útgongen. Dat ik koe sûnder mankearjen betelje.
Dy bûselichterkers kamen ús op ‘e weromreis net fannijs oer ’t mad fansels.
Dizze stoarje spile him ôf yn ‘e santiger jierren, moatst witte, en wy droegen doe nei de trant fan dy twange spikerbroeken. Woest ta de bûse, dan koe dat, mar… inkeld mei twa fingers. Dat, dy famkes wiene al ferrekte tûk dat se ús it jild ûntfytmanne koene sûnder dat wy der wat fan murken!
Werom op it skip lei ik it gefal foar oan Mats en Per, twa ofsiers dy’t ek fan Sweden wiene.
No, dat hie ik better net dwaan kinnen! Near fan it laitsjen wiene de beide mannen. Dat wie krekt wat foar my, seine se, ‘sa’n út ‘e klaai lutsen oksepripper út Fryslân!’ Soks kaam yn it sâlt bebiten seelju as har ner oer, bearden se.
Likewol seagen se my al wat út oare eagen oan doe’t ik harren ferhelle oer it speetsjen fan it boarstige frommis.
Hawar, de jûns dêrop hie de kapitein in ferfaltsje hân en dêr moast op proast wurde.
Mats en Per moasten der ek by komme, hiet er. Ik miende dat dy twa de stêd yn wiene, mar ik soe wol efkes sjen…
En wrachjes, se wiene op it plak dêr’t se meastal omhingelen. Mar ik seach fuort, der wie wat. Oars altyd like blier, sieten se no mei de holle tusken ‘e skouders te stoareagjen.
‘Wat is deroan, jonges?’
No der wie feitlik neat, wie it beskie.
It woe my mar min oan, want – sa’t ik al sei – dy beide wiene jimmer fleurich.
‘Jim kinne my noch folle mear fertelle, mar der is wat. No gjin babbelegûchjes… foar de trie dermei!’
Wat ûnwis seach Mats syn maat fansiden oan. Se woene it eins net op ‘e tromme hawwe, seid er.
Ik ûnthiet har, ik soe swije as in fisk.
Hja gnuven der noch wat tsjinoan, mar op it lange lêst sei Per dat se ûnderweis nei de stêd al har bûsjild weibrocht hiene.
‘Och, wat sneu!’
Fol begrutsjen soe ik harren freegje hoe’t se dat hân hiene, doe’t my ynienen wat skimere.
‘Pussy-pussy?’
Hja seine neat. Mar lang om let knikte Per mei tsjinnigens.
Jonge, wat haw ík ferskuorrend lake! De triennen rûnen my oer de wangen.
‘Duvekater, jonges, jim kinne my net oan dat ûnthjit hâlde,’ sei ik, ‘want dut is fierstente moai! Dut moatte de oaren ek hearre.’
Man, wat ha wy dy jûn in dealerommen wille hân!
Inkeld Mats en Per seagen wat soer, oft der jittik yn har romers siet.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]