Untfrysking

Stel: Jo namme is Schaafstal. Mar de oerheid hat yn syn wiisheid besletten en neam jo Soepboer. En dat is fan dy gefolgen dat jo foar alleman en de wrâld Soepboer binne.
Mar no komt it …
Jo hawwe it nei in libben fan strideraasje mei oerheidsynstellings yn streken dat jo foartoan by jo wiere namme neamd wurde sille. En dan krije jo de rekken thús … Jawis, dan binne jo grif in “goeie politicus als je zegt: dit hebben we misschien niet goed gedaan”, mar it soe neffens my fan piid yn ’e rêchbonke blyk jaan as jo sizze soene: “Dy’t it ûnrjucht feroarsake hat, moat ek de skea betelje!”

Dut wie myn reaksje op in stikje yn ’e Ljouwerter fan 12 maart lêstlyn ûnder de titel Steun FNP-stokpaard Friese plaatsnamen wankelt, juster fuort op FB kneppele fan Sytze T. Hiemstra. Dat wie ek de iennichste reaksje. Ommers, Steun … wankelt, no.

Wat my noch it measte steurt yn it artikel is de term ‘verfriesen’ yn ’e ynlieding.
Ommers, Lytsewâld hiet grif al sa, doe’t de Hollanners noch mei de Batafieren de Ryn ôfsakken …
Hin?
Ja, se hawwe efkes skoft holden by Köln, dat is sa, en de plaknamme feroare yn Keulen. Ja, it wiene doe yn died al eptige kutkammers. Lytsewâld hiet doe yn alle gefal noch Lytsewâld, want de ûntfrysking moast jit ta flecht komme.

Mar ik haw der wol in aan fan, hear, hoe’t dy term te wrâld kommen is. Want, doe’t de ûntfrysking noch net hielendal yn tichte fetten wie, gong men ynienen hinne en ‘verfries’ strjitnammen dy’t fan ’e miet ôf al wol in Hollânske namme krige hiene.
Dêrfandinne, tink, dat dy Hollânske hampelmantsjes fan ’e Ljouwerter hjoed de dei fan tinken binne dat ek dy Hollânske plaknammen der altiten al west hawwe. Dêrom ek: Leeuwarder Courant fansels. 

Hawar, ik sil dit ûnderwerp net fierder útspinne, want … foarst is der net ien – as Soepboer en Sytze – dy’t it wat bomme kin en twads is it langer bûtendoarwaar …

Hasta la vista!

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    Täle- or Tongue-weary, Tale-wargens,
    Tongueslager, slaghtbank, -offer, -ing.
    To Vlog or not to flog?
    Fon Ûnt-Frieskjen nei Fer-Hollânskjen.
    Aansten de wiiste.
    Hunebêd & brogge by Drinten
    Aant Jelle Soepboer
    Yo hieten Schaafsma en now Sapboer
    Yo havve it iin streken, Tenei sill de o’erhied
    Yo by de wiere namme neame.
    Ôlde Cologne Agrippina ig griip-pripke woàrn.
    Keulen binne striid-gnodzen âs fon Hearakles.
    Kölle, Salaaf!
    Ânti-Friesk Dayblêd LEÀUWERTER CURRÂNTE

  1. maart 13, 2021

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]