Tynge út risservaat Fryslân

– Kunt u geen Hollands praten? We zijn hier toch in Nederland!

– Trije dingen, bêste man …
Foarst, it Nederlân bestiet net! Dat is sa’n brike fynst fan dy sabeare ferdraachsume Hollanners, allyk as jo. Hollân is ien fan de Nederlannen — en Fryslân is dêr ek ien fan.
It hat der alles fan dat de útlanners soks better foar it snotsje hawwe. Portegezen en Brazyljanen bygelyks sprekke fan Os Países Baixos, de oare Súd-Amerikanen en Spanjoalen fan Los Países Bajos, Ingelanners en Noard-Amerikanen fan The Netherlands, Dútsers fan Die Niederlande en Frânsen fan Les Pays Bas. Allinnich megalomane Hollanners, allyk as jo, hawwe it oer ‘Nederlân’ of ‘Hollân’ — lykas wolle jimme dêrmei sizze: Les Pays Bas, c’est moi!
Twads, it is net ‘kunt u niet’, mar ‘kan u niet’ — tredde persoan. Inkeld om’t Hollanners, allyk as jo, harren eigen taal net master binne, komt it noch safier dat ús bern ús memmetaal skielk stikkenmeitsje mei ‘kinst jo/je net’.
Treds, ferrek mar!

– Nou zeg, u hoeft niet meteen kwaad te worden. Ik weet heus wel dat Fries de tweede rijkstaal is. Sterker nog, ik kan de meeste Friezen woordelijk volgen, hoor. Maar de helft van wat u zegt, ontgaat me te enen male.

– Trije dingen …
Foarst, it Frysk is ien fan de rykstalen yn ’e Nederlannen. Der is net in folchoarder! Talen hawwe gjin hierargy! Twads, ús sprake hat in ryk ferskaat oan farianten. Faaks bedoele jo dat? Treds, de standerdisearre foarm is ‘ten enenmale’.

– Nee, dat bedoel ik niet. Ik bedoel dat de meeste ‘normaal’ Fries praten, zoals er bij Veronica gesproken wordt en in de Leeuwarder Courant geschreven staat. Gewoon Algemeen Beschaafd Nederlands – alleen een beetje gezongen. U praat nog Fries zoals de dinosaurussen dat deden — een dode taal. Ja, ik weet ’t … drije dingen. Zeg ’t maar.

– Foarst, it is ‘de meesten’ mei in n — dat binne jimme no ienkear sa te rie wurden as it persoanen oanbelanget. Twads, hokker dialekt as ABN foar kar nommen is, hat fansels wakker arbitrêr west. Treds, jimme muoike is in útstoarn reptyl!

– Wat is ‘arbitrêr’?

– Dat it der mar krekt fan ôfhinget wêr oft de lju dy’t — yn dut gefal — kediisd hawwe hokker dialekt mei priis en preemje op ’e fiter gong, hikke en tein wiene.
Oars sein, hie dy rederikerskeamer doedestiids yn Limboarch stien, sa seine jo no …

– Doa velt mig de boks van aaf!

– Of sokssawat.

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. Jaap Slager schreef:

    Ik wit it, ik hie dut stikje in stikmennich wiken lyn al pleatst. Mar as in stikje in protte lêzen wurdt, sa hat men fuort te krijen mei ûnpost. Meastentiids kin men dy fuortsmite. Mar dy kear hie ik in troll(?) út Ruslân wei, dêr’t ik net fan ôfkomme koe. Dat doe haw ik it hiele stikje mar weihelle, sjuch. Sadwaande.

  2. Jaap Slager schreef:

    Krammele! No sit dy smoarge Rus op myn bêdbuks … eh, op Bêdbuks yntakt. Ik kin him net slite, dat ik sil dat stikje aansen ek skrasse moatte, tink …