Twa feroarings
Ik haw twa útstellen:
- VAR korrizjearret kaart dy’t net hâns foar foets wie
It komt my sels ek oer, hear. ‘Giele kaart!’ balt ik dan. En dan sjuch ik neitiid yn ‘e sleauwe moasje pas dat der neat te rêden wie, oftewol teäter. Dat ik nim de skiedsrjuchter ek neat net kwea ôf dat er dêr in kaart foar jûn hat.
Mar de VAR kin him fansels wol yn ‘t ear lústerje dat er by de earstfolgjende spulûnderbrekking de kaart ynlûkt en foar straf oan de teätermakker jout. Hie dy spiler mar gjin komeedzje meitsje moatten!
De útstelde spulregelwiziging is hjir dûbelsnijend; de ûnskuldige spiler wurdt net straft foar eat wat er/hja net dien hat, en de matenaaier beriedt him tenei wol.
En as ´út de frije traap, dy’t op de kaart folge, in doelpunt fuortkommen is, sa wurdt dat weromdraaid.
Giet it by de earstfolgjende spulûnderbrekking lykwols om in spulferfetting, sa giet de frije traap of yngoai automatysk nei de partij dy’t de kaart frijskat wurden is.
- Wiegman oanstelle ta nije bûnscoach fan ‘e manlju
Dit útstel seit himsels wol, tink, en hoech ik net neier te ferklearjen.
Stel njonken har wol in kloatsjitter oan dy’t him nea fersint.
Recente reacties