Boltsje tusken ’e broadsjes
De urolooch ûndersocht de lytse man fan de grutte man dy’t foar him oer op ‘e berje siet en him om konsult frege hie. Syn klacht wie dat er mei syn wettermûntsje langer oars net mear koe as … wetter mealje.
Sjuch, heakke de man der ûntskuldigjend oan ta, men wol jins mûntsje ek wolris … eh, nei de Bilkant … rjuchtsje, no! Is ’t net sa, dokter?
Dokter knikte — hy krige it foar him.
Ik haw it al sjoen, seid er nei ferrin fan tiid, de spieren oan de basis binne te’nein. Dêre falt spitigernôch neat mear oan te dwaan.
De pasjint wie alhiel ferslein, net te treastgjen.
Dat is te sizzen, klaude dokter him efter it ear, der wurde langer troch de wei fan plastyske sjirurgy wol stikjes dierlik weefsel ymplantearre en nim de funksje fan oantaaste spieren oer.
De pasjint wie út ‘e liken, sa bliid.
Mar tink der goed om, hin, warskôge dokter, dy technyk sit jitte yn ’e eksperimintele faze — it is noch gjin probatum. Oars sein, gjin garânsjes!
Dat neukt my neat, fergeat de pasjint yn syn fjoer in amerij wa’t er foarhie.
De urolooch fertjutske de man mei houtskoal en kryt hoe’t de sturt oan ’e baarch siet — of better, de sloarf oan ’e oaljefant. Want it gong yn dut gefal om weefsel fan in oaljefantesloarf. Mar, dokter koe lang lulle en dokter koe breed lulle, de pasjint wie al út ’e rie — it koe heve.
Fjouwer wike nei de operaasje wie it omskot safier hiele, dat de man ris in skot wea… eh, de mûne nei de wyn sette woe.
Hy naam in faam as in wolken mei út nei in djoer restaurant en fernaam by it foaritenslokje al dat er wer … eh, hagel yn it gewear hie. Want it frommiske bûgde har op in stuit withoefier foaroer en krij in knapperich broadsje út it kuorke op ’e tafel. Hja offrearre him sadwaande in djippe blik yn har dekolletee. En ja hear, it klok- en hammerspul lette wer. De man soe wakker ferromme sykhelje, mar … oe blinder, wat wie dut? It wapen roerde him sadanich, dat it stiltsjeswei sear die. De man ritste ûnder de tafel rimpen syn broek los en jou him it âlde diel loas. Mar doe skeat it ynienen fan ûnder de tafel wei, raamde ek in broadsje út it kuorke yn ’e midden en luts him doe wer tebek.
De man sels hie net minder benijd opsjoen as it frommiske.
Hja gappe nei de siken en frege, doe’t se oer de earste kjellens hinne wie: Tige by tige! Wol Jaap dat nochris dwaan?
It benaude swit wie de man wilens útbrutsen doe’t er hime: Dat soe ik wol wolle, leave, hear … ik wit allinnich net oft ik nóch in broadsje yn ’e reet hawwe kin.
Pisser, Holl. plasser, piimel, pümmel, Hümm’ling, L’ummel, homme-l-s.
Reet, kier tusken (Holl) billen, homo? Lullaby of Broadway. Lullepiipkje.
Bill kânt-er, Clinton up ’t Bildt foàr Eine-eigen parochje. Lull mar Friesk.
Forslain wêze. Sloàrf brecking oanjoen, k-sloerje, larf, hiL’Arve, L’oàrte?
Surf, suppe. Turf, pu-toàrre groun, Wolvegea layt iin Frieslawn, ûlefiist.
Helpers uut ‘e way. Orchideeën, test-ikels, striétte, tiil-bâll-en, Bâlltsjes.
J’ns, jin’s slitene lea, Leafste lea.’ Ex Eelkje Tuma.
De wrôld ig good. – De ménsken coulden better.