Tuorke

Leave Pyt en Froukje,

Fan ´e wike hie ik in fideo makke fan ´e tún. My tocht: Dat sil Froukje prachtich fine – al dat blomt mei al dy roazen dy´t yn ´e bloei steane. Mar doe seach ik nei in pear dagen dat dy fideo yn myn út-fek stykjen bleaun wie…
Hoe ha wy dut? frege ik oan in kammeraat.
Dat bestân is ommers fierstente grut, oelewapper, andere er, hiest it earst…. (no is my ûntkommen hokker wurd oft dat er doe brûkte, mar it hie wat te krijen mei “yn fâlden lizzen” as it my net mist, mar hy fertelde der net by hoe oft ik dat dwaan moast).
Ik begryp dat net goed, want it wie in opname fan noch gjin tritich sekonden – hoe kin dy no te grut wêze? Soks wurdt my gau te dreech, giet my boppe de pet. Of – sa´t wy hjir yn Portugal sizze – dat is tefolle sân foar myn weintsje.

No is dat gauris it gefal mei my. Ik skriuwde juster op myn blog dat ik my foar in skoft werom in snoadfoan (smartphone) oantúgd hie en dat ik dêr neat mei wurde kin. Ik hie dat yn seis talen opskreaun. Sisa, tocht my, dan wit al ús kunde fuort mar hokker Unnoazelsma oft dat ik bin.
Jim Pelle hat doe noch sa freonlik west, seach ik juster, en set it der ek nochris yn it Sweedsk ûnder. Mar myn ferhaal kaam hjirop del, dat ik no foar it ferstân krige haw, wêrom´t eltsenien altyd op sa´n ding om sit te stoareagjen – dat komt, hja begripe der ek gjin kloaten fan!

Hawar, om dy tiid hinne ûntduts ik teffens dat in oare fideo dy´t ik makke hie, dêr´t ik yn fertelde oer ús besite oan it konsert fan André Rieu yn Lissabon, ek yn myn útfek stykjen bleaun wie. Dat wie fansels in wat langer ferhaal (as tritich sekonden, bedoel ik), dus dat kin goedkomme dat it te grut wie.
Om koart te kriemen, it kaam hjirop del: it foel my wat ôf.
Ho, de muzyk wie prachtich, hear, dêrom net. En it orkest siet derby as in fleurich gebakje – dêr ek net om. Boppedat hat Maria it prachtich fûn – en dêr giet it om, no. It wie foar har jierdei. Mar, ik wit net, ik hie ris lêzen dat syn konserten sokke spektakelstikken binne, dat syn soan alle writen docht en kom jin oer it mêd mei dingen dy´t jins befieming te boppe gean. No, dat mocht om mij wol – it is op it lêst in grou stik jild dat wy betelle hawwe. Dat ik gong der ris goed foar sitten…
No, der stie in tuorke op it toniel. En op it ein fan it konsert stie dat tuorke der noch. Dat jout neat – in deeglik tuorke. Mar, om no te sizzen dat it myn befieming te boppe gie…. nee.
Mar wat kinne dy manlju sjonge, net! By nessun dorma moast dizze jonge de bûsdoek der efkes by hawwe – dat wol ik wol wêze.

Hast gelyk, Pyt, wy meie net kleie. Wy dogge it al fansels, want dêr binne wy minsken foar…
Hè, dat geseur mei dy knibbel – ik mei bliid wêze dat ik net allegeduerigen omsoademiterje!
De sjirurch sei okkerwyks, dat er soks noch nea sjoen hie yn syn karrière (it skynt dat se sokke dingen ek altyd tsjin ús Nynke sizze; dy hat ek fan dy aparte dingen), dat ien gjin knibbelsine mear hie.
No ja, dat sil dan wol sa wêze! Mar dêre sjit dizze jonge gjin soadedonder mei op.
Mar, it is wier, Pyt, as men sjucht hoe´t lju fan it iene op it oare stuit dea komme of alles wat se hawwe ferlieze, sa as okkerwyks yn Mozambyk… of justerjûn mei dat slimme ûngemak op Madeara… wêr lulle wy dan oer!?
Wy nimme it mar sa´t it komt en lit ús mar genietsje fan wat wy bedije. It libben is twa dagen, sa´t se hjir sizze (en dan seit de oar: Ja, en ien dêrfan ha wy al hân!). Hahaha!

Folle leafs,
Jaap en Maria

P.S.
Mei it lytse flarde giet it ek wer goed. Ferline wike wie ús Lucy jierdei en doe hie Maria it efkes te krap – eangstoanfallen, seit dokter. No ja, sa´t ik sis, dat is wer wat bekommen.
Wy sille no efkes om boadskip yn Cartaya (Spanje). Moat ek gebeure.

Dit vind je misschien ook leuk...