Tsien mei in griffel

It wie tentamentiid op it LeF, de skoalle foar Lânbou en Feehâlderij.

Ik snjitske lykas wenst troch de fragen fan it biologyproefwurk hinne. Lêste fraach: Neam de 7 (sân) foardielen fan memmetate! (tink der goed om, dut is in alles of neatfraach, dus alle 7 goed is 70 punten en minder as 7 goed gjin punten).

Och heden, dat wie ommers it oergearkommen mar …

  1. It is de alderbalderbêste gearstalling fan fiedingsstoffen foar it bern
  2. It jout ymmuniteit tsjin withoefolle sykten
  3. It hat jimmer de optimale temperatuer
  4. It is fergees
  5. De bân tusken mem en bern wurdt dertroch fuortsterke
  6. Der is altyd genôch

Fergemy, wat wie nûmer 7 no, ju?
Ik siet der mei in grouwe tear yn ‘e foarholle op om te stinnen, mar nûmer 7 bleau hingjen dêr’t it stûkjen bleaun wie.

De tiid wie om. Ik kwattele hurd wat del ûnder nûmer 7 fan ‘e lêste fraach. Better eat as neat, no!
Mar dy santich punten kinst wol op dyn skoechsoalen skriuwe, heite, foetere ik op mysels.

Doe’t ik neitiid it proefwurk weromkrige, hie ik in tsien mei in griffel. Hoe koe dut? Ik blêde fuort nei de lêste fraach. Wat hie ik dêre delkribele. Ik wist it net mear. Prefester hie der in opstutsen tomke by tekene, seach ik fuort, by nûmer 7.
Ik lies:

It sit yn twa wakker hebbige ferpakkings en dy binne hegernôch fan ‘e grûn ôf mei’t de kat der net by kin.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. maart 31, 2021

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]