Trouwe moatte

In âldman nimt in kammeraat fan him geweken.

“Wat haw ik no heard, jonge, silsto trouwe?”

“Ja.”

“Ken ik har?”

“Nee.”

“Sjucht se der wat hebbich út?”

“No, nee.”

“Kin se goed itensiede?”

“Och heden, nee.”

“Moai wat splint, tink?”

“Sa earm as in lús.”

“In ingel yn ´t bêd dan?”

“Ik soe it net witte.”

“Wêrom wolst yn ´e goedichheid mei har trouwe?”

“Hja hat har rydbewiis noch.”

Dit vind je misschien ook leuk...