Tromp wie troef

Bringst my al op in idee, Piter, mei dyn ferwizing nei de Tachtichjierrige Oarloch dy’t de Nederlannen har op ’e hals hellen troch har yn it jier 1581 ûnôfhinklik te ferklearjen fan Spanje.

Ik-sei-de-gek wie slop doe’t guon Portugezen en Nederlanners raar guod spuiden doe’t de Katalanen yn 2017 itselde diene – har ûnôfhinklik ferklearje fan it Kastyljaanske regear yn Madrid. ‘Soks docht men dochs net?’ It wie ommers tsjin de wet. Moai, net? Wa wie dy wet fan? Just, Jehannes – fan it Kastyljaanske regear yn Madrid. En dat de Nederlannen yn 1581 en Portugal yn 1640 itselde diene, wie net tsjin de wet, tink, fan datselde regear?

Oars sein, in wurd fan bewûndering, wurdearring of tank hie better foege, tinkt my. Want as de Katalanen net fan dy fûle fjuchters west hiene, hiene de Nederlannen en Portugal mooglik noch hieltiten provinsjes fan Spanje west.

Nee, dat hoech ik dij net út te lizzen – dat wit ik, Piter – mar guon Nederlanners sa’t it skynt al. Ik sil besykje en hâld it koart.

Doe’t floatkommandant Tromp yn it lêst fan 1639 de Twadde Spaanske Armada nei beppekelder holpen hie, woe de Spaanske kening ferhaal helje troch in baas troepemacht te stjoeren. Oft Portugal, dat doe ûnder de Spaanske kroan foel, sa goed wêze woe en stjoer even in troepemacht nei Kataloanje, om koarte gongen te gean mei de opstân tsjin de Kastyljaanske oerhearsking dêre.

Nuverdernôch hiene de Portugezen dat net op ’e hûd.
It siet harren oant boppen ta fol om alle klapsketen behelle te wurden yn ’e konflikten dy’t it regear yn Madrid bemaalde. ´Ja, skyt,’ seine se en se ferklearren har ûnôfhinklik fan ’e Kroan fan Kastylje.

‘Earst is meast,’ ornearre kening Filips IV en stjoerde syn troepen nei Kataloanje; dy gallige Nederlanners en Portugezen soed er neitiid wol mei ôfweve.

Mar dat kaam wat oars.
Om’t de Katalanen skjin har nocht hiene fan de Kastyljaanske oerhearsking, fochten se mear as tsien jier frettende fûl.
It biedwurd wie ek by har sa’t it like: Leaver dea as slaaf.

Hja rêden it spitigernôch net op en moasten yn 1652 belies jaan. Mar om’t se tolve jier omtinken hannebiners wiene, koe de striid foar ûnôfhinklikens fan de Nederlannen (1648, de ein fan ’e Tachtichjierrige Oarloch) en fan Portugal (1668, de ein fan ’e Restauraasjeoarloch) moai ta flecht komme.

Dat wat mear respekt, graach, foar de striid foar ûnôfhinklikens fan ús Katalaanske evenminsken.

Dit vind je misschien ook leuk...