Trankyl, jonge!
Juster lies ik earne — wêre wit ik net mear — dat it Russyske wurd ´doerak´ troch seemanstaal nei Fryslân slagge is.
Moai, net!
Sa bin ik der ek fierhinne wis fan, dat ‘quinta’, it Portegeeske wurd foar in (boere)hûs, allyksa yn it Grinslânsk bedarre is: “Nije kwinte, mien jong?”
En fansels is ús wurd foar ’tuike oan’ by dyselde seewei lâns yn it Portegeesk telâne kommen: “Tranquilo, pá!” 😉
Wat ik my noch al ôffreegje is, oft ús âlde pake him basearre op it Portegeeske wurd ‘cagadores’ (= skiters) as er tsjin my sei: “Nuvere kakkedoaris!” 🙂
Recente reacties