‘The sky is NET the limit’, en dêrmei wei!
Stephen Hawking (1942-2018), it orakel dêr’t, sa’t it like, de kosmos sels troch spruts
De wetten fan it hielal beskaten dat Stephen Hawking, fysikus mei in witte grut leauwe yn in logyske ferklearring foar dat hielal, op woansdei 14 maart 2018 út ’e tiid(!) skate. Net God, net it tafal, mar de logika kediisde, dat er yn syn 76-jierrige libben útwoeks ta wiidferneamd natuerkundige. Dyselde logika joech him ferspoar op nea tefoaren ealge eachweiden. It mocht him net barre en los it grutte riedling fan dy alles omfiemjende wetmjittichheid op – in formule dy’t neffens him (lykas E=mc2) op in T-shirt passe soe. Mar ier of let, dêrfan wie Hawking wakker wis op ’e knikkert, sil de Teory fan Alles ús in folslein begryp jaan fan hiel ús om-en-by, en fan ússels.
Faaks wie it riedling fan syn eigen libben it erchje by dy oertsjûging en koe er allinnich op dy menear syn fatum oanfurdzje. Ommers, as eat logysk en net foar te kommen is, binne krimmenaasjes om ’e nocht. Doe’t der by him op syn 21-ste ALS fêststeld waard, hie er twa jier fanneden en ferarbeidzje dy tebekslach. Dêrnei gong er hurd oan it wurk. En, krekt as woene de natuerwetten it yn ’e jamkste fâlden belizze, dat hja mei him al wat raar wurk makke hiene, krige er dêr al syn dagen dochs noch in heale iuw foar – nammers in riddenaasje dy’t er sels as paradoksaal ôfwiisd hawwe soe.
Foto’s fan Stephen Hawking yn syn weintsje meitsje wat de yndruk dat se fan in tuskenbeide photoshopper gear kliemd binne. Syn holle hinget altyd wat op ’e slomp. Sa kriget fuort elts petret omtinken symboalwearde: Stephen Hawking bleat as holle, as brein op tsjiltsjes.
Natuerkundigen binne wat apartelingen yn ’e wrâld fan ’e witnis. Dat komt trochdat hja fûnemintele fragen oer ús bestean dogge. Oare wittenskipslju dogge dat ek wol, mar har antwurden, hoe gnap oft se bytiden ek lykje, binne net faak bestân tsjin tiids tosk – noch tsjin de slopershammer fan ’e natuerkundigen. Hja binne de popstjerren yn ‘e witnis. It is net foar neat, dat komselden literators in foet ûnder ’e tafel ha by DWDD, mar om it hurtsje in teoretyske fysikus oanskoot, en Robbert Dijkgraaf doch. Sokke lju hat men wat oan. It hat fakentiids wat wei fan moderne hokus-pokus, mar alle sjuggers begripe dat it oer fûnemintele fragen giet: wa binne wy, wêr binne wy en wêrom yn ’e goedichheid?
Alde fragen, dy’t ienris inkeld fan wiisgearen en godgelearden beändere waarden. Of fan natuerkundigen dy’t eksakte witnis en leauwe yn in heger wêzen jit ûnder ien hoed beflapten, lykas Newton en Pascal dat diene. Dat ha wy hân. God hie Nietzsche al dien wurk mei makke, Hawking tekene yn 2011 it deafûnis fan ’e wiisbegearte.
Wat er fansels bedoelde, wie: natuerkunde is de nije wiisbegearte.
Hawking syn betinken dat wy mei in Teory fan Alles ‘de geast fan God’ kenne soene, sleat oan by de grutte Nederlânsk-Portugeeske wiisgear Spinoza, dy’t God net beskôge as de skepper fan it hielal, mar it hielal mei syn wetmjittigens as God.
God is dea, de wiisbegearte is dea en no ek Stephen Hawking. Mar as wy fan syn bestean ien ding leare kinne, dan is it wol de ûnmjitlike foarsje fan ’e minsklike geast, sels as it lichem net meiwurkje wol. Ier of let sille wy de antwurden fine op de fragen dy’t Hawking al syn libbensdagen die. Alteast, as wy der foar de tiid net by wei reitsje troch keunstmjittige yntelliginsje, bûtenierdsk libben of it ferwoastgjen fan ’e ierde. Dat Hawking ús yndachtich makke op dat wankende gefaar, kaam grif fuort út syn eangst, dat der mar ien ding de alles omfiemjende teory yn it paad stean kin: brek oan tiid – alhoewol’t soks allyksa fuortkomme soe út ‘e wetmjittigens fan ‘e kosmos.
En dêr mey way is stoarn? Dêrmey dien, dene en gien, gene.
Syn 76-hierrige libben? 76 yier bestean, fon 76 ‘ier, – ‘ier ôld!
ien ferspoar jaan? Ik kin disse siswise nèt. Gr. Skyth. spou?
Eegh(weid). E = mCquadraat. Kinst it mi èk alleyear freegje.
PeRtret omtinken? Bleat oerset Duutske bloss, blass, blöde.
En RD doch? Witness is kinness of wittenskip oant sciènce.
Théologen, god()learden âs Darwin? Myn biol. prof J. Lever.
Fôd is stoarn of way. Dauwinisme. Dawkins. Fysica de neye
filosofy, iin ‘e geast fon ‘e fôd, lânfâd. VoGod is omniversum.
Tractatus Logico-Philosophicus. Ik sit woll iin Amstelhoeck’
(ea Danzig) by ’t stânbield fon Spinoza. Ik hav filosofy hawn.
Up ‘e sokkel: ’t Doel fon ‘e Steat if Freihied. Up ‘e mântel hiel
what (hâlsbân)parkiten âs symboal foàr Migrânte-eftergrûn.
Port.-Ned. Joadsk. SH dea, stoarn. MaR de foàrcië? De cräft.
Perfoàrst if foàrall, beslist, par force. Dât Der mar ien ding …
Planetarium iin Frjentsjer, Frieslawn. – Hi wie de Eise Eisinga
fon uus tiid? – ’t Kaptaal fon Marx iin ’t sellde 1859 âs ‘Origin
of Species (plural) by means of Natural Selection’,. Evolúsje
hat syn langste tiid hawn âs scièncewise, théory. VWiedens.
Chrislamistestudinten hienen iin ’t bethinking’s yier 2009 all
easke om it uut ’t curriculum by biology oan ‘e FU to helliën!
Ik doch nèt ûnder foàr SH efter myn rollator ney tumor iin ‘e
rêghbonke. Ik lies all iin 1977 Carl Sagan oer Swarte Gâtten.
‘en dermei wei’ is fansels ambigu hjir – ‘basta’ en ‘dea’.
‘earne ferspoar op krije’ haw ik in bytsje feroare, ja.
Hast gelyk, Spinoza wie ek joadsk – oars hiene syn âldelju net foar de ynkwisysje nei de noardlike Nederlannen flechtsje hoegd.
‘en Dijkgraaf doch’ = en Dijkgraaf yn it bysûnder.
Dêrom net, mar Bert krige omtinken(!) op ‘e hûd fan lêzers fanwegen dy kollum; reaksjes as ‘klotestuk’ en ‘ontslaan die man’ lige der net om. Dat it hat in foardiel en skriuw yn in (hast) deade taal! 😉
Tumor yn ‘e rêchbonke? Libbensbedriigjend? Operabel? Foarsje!
Hawking hie it yn 1974 al oer swarte gatten. De teory fan alles? Bliuwt fansels mar in teory. Hoecht net wier te wêzen. Boppedat 0 + 0 dielt troch nul is 0. It is sels noch mar de fraach oft swarte gatten bestean. Dat der bûtenierdsk libben is slacht nearne op. Dat hat neat mei tyd te krijen. It kin gewoan net. Wat dat oanbelanget hat Hawkings gelyk. Natuerkunde is wiis begearte.
Ferspeur op krije: bespeure, besleur ha, op ’t spoar komme.
Bemerke, fernimme, waarnimme, ’n komiske ferbastering?
Bersen, bersagliéri, wiild beslûpe, yaye. Vorsen, recherche.
Ferspoare: yiéld quite reitsje iin ‘e train, wainspoar wixelje!
Dât ig gjin sympatike beskriowing: bleat brain up chillchies.
Dyn ‘feroare’ ôld-Frénzy en thiustere wörden, hântliedings?
De deade talen up ’t Ôldehouster Tsjerkhôf – Obe Lawn fon
Tale-n Taletuun, Talepaviljoen Mem iin Princetuun Muséum
Tumor iin 2011 en ’12 efter de rêgh ney gemo & bestrieling.
Operearre iin 2015 om romte foàr de rêghpiid, all oantaast!
Evangeelje fon Drost. Bûtenierdsk libben – kin gewoan nèt?
What witst der fon? Exoplaneten by de fleten. Fertell it uus!
Wii kinne der âllinnigh nea hinne. – Ney Sirius beast 40 yier
ûnderways. En dân wer werom! – Sinnelioght is 8 menuten!
’n Ljoght-yier fiérder-up … ûnmjitlyke, ymménse Molkeway!
Post, pâst âlleyeärre nèt iin ’t Planetarium fon Frencher.Frl
Swatte gâtten bestean wis-wier. Comt gjin lioght mear uut.
Throagh de greote gravitaasje-cräften. Sioghst it woll. Nee.
Evolúsje bestiét, en is èk nèt mar ’n théory of scièncewise!
Yét r’s lêste alinéa rigel 1. MaR âs m’n (is ik iin Friesk)
De ien nei lêste rigel: Dât Der mar ien ding ferbetterje.
Dit by ’n herhelliën
Myn ûntskuldigings!
Bêste Dauwe,
Bewiis jo mar ris dat der swarte gatten binne. Jo binne de earste! Bewiis jo mar ris dat der bûtenierdsk libben is. Jo binne de earste! Jo skriuwe skiednis.
Ja, Darwin hat wol gelyk. Evolúsje bestiet. De evolúsje teory….it wurd teory kinne we miskien op ferskillende manieren útlizze.
Mar Dauwe, ik haw in fraach. Sil wol in domme fraach wêze, bliuwe jo rêstich sitten en wurdt net lilk, ik bin it mar.
Yn wat soarte Frysk skriuwe jo? Ik bin tige nijsgjirrich. Myn Frysk is bagger fansels, en at ik teksten fan jo tsjin kom op internet, lês ik se fuortendaliks.
Prachtich!!
BewiZE yo mar r’s, sayst. Hawking en Sägan havve it bewiisd!
Théory bethiut letterlyk scièncewise, Russian spy, videre wite.
Bewiisd dât it mooglik is dât hje d’r wêze kinne. Uus kinness.
Yah, dât is ’n dom ding. Freegje ney de bekinde way. Oerein!
Oeròll(ich) bin Ik. O’erstjoer, overhoop up Skillyelawn, ’n fen
fon Anglo-Friesic iin Frieslawn en mi. Club is all uprioghte!
Yo kinne lid weorde. Evolúsje-téory is ien wörd … 3 en los.
Yo Friesk ig gjin ‘bagger’, heär. Bagger ig Griiksk Acheron
rivier iin ‘e ûnderwrôld. Coot, Poepjes, Merkel ig Cocytus.
Dit Friesk hav Ik foen up Cláy-tabletten by ’n terpwierde.
It is prachtich Frysk. Anglo Frysk. Dat wiene noch al wat Clay tabletten dan 🙂 ik sil op ynternet sykje nei jim club. Dêr moat ik by!
Wat Hawking en syn maten oanbelanget wurde wy it net iens. Hoecht ek net. Earst Anglo Frysk!