The Boys from Ill Will

Dochs oerhearsket by my de meilydsumens. Want tink ris oan al dy Amerikanen dy’t foar de ferkiezings útholden dat se net op har stimme koene om’t Biden en hja net foldwaande diene foar de Palestinen.
Meilydsumens?
Ja. Men kin ommers slim lilk wurde om safolle dommens.

Oer meilydsumens mei dommens sprutsen… Wat te tinken fan dy âld-Oekraïners, benammen yn Pennsylvania, dy’t op him stimden om’t er seit dat er yn fjouwerentweintich oere in ein oan ’e oarloch yn Jeropa meitsje sil?
Meilydsumens?
Jawis. Dy lju moatte it skielk mei harren eigen gewisse lykbreidzje, at se dêr tiid fan libben foar hawwe.
Ik sil net sizze dat de nij-keazen presidint fan Amearika Oekraïne net op ’e knibbels kriget op de betingsten fan syn Russyske kammeraat, sa net, mar net yn fjouwerentweintich oere.

Kwa dommens wolle wy yn Jeropa net ûnderdwaan foar de Amerikanen. Nim bygelyks de regearen dy’t roppe dat se net mear oarlochsreau leverje kinne om’t se oars neat oerhâlde foar de ferdigening fan harren eigen lân! Hawwe hja no noch net foar de fernullen dat it Oekraynske leger dy al op syn noed nommen hat? Of is De Haach benaud dat it Belzelân snoade plannen hat?
Mar lit mar moai sa, tinkt Vladi, want hy hat leaver in rychje dominyshoutsjes as in blok oan ’e foet.

Yn ien ding kriget de nagelnije presidint fan ’e FS gelyk: Meksiko betellet de grinsmuorre.
Hoe’t ik dêrsa bykom?
Om’t se alle flechtlingen út ’e FS tsjinhâlde wolle fansels. Hja hawwe der gruten fan heard dat dat inkeld lju út kranksinnigegestichten en finzenissen binne, dy’t ‘grab young girls and slice them up right in front of their parents’ of dy’t ‘eat your dog or your pussy’. Hja miene grif dat it om kloons fan de nagelnije presidint giet, The Boys from Ill Will.

Dit vind je misschien ook leuk...