Teory en praktyk

As in oerheid net neirydt oft alles neffens plan ferrint, dan is in lân of gea ôfhinklik fan yndividu’s dy’t de needklok liede. As dy op har bar it swijen oplein wurdt fan lju dy’t har eigen aginda wichtiger fine as it folksbelang, dan kin de boel raar yn ’e gersdunen rinne.

Sa stiene mear as hûnderttûzen Portugeeske bern ferline wike mei kjimde hierkes op ’e sprong om nei skoalle doe’t har te witten dien waard dat se gjin learkrêft hawwe. Dat wie de ôfrûne jierren ek al sa, mar men is yn Portugal alle kearen wer ferheard as bliken docht dat de praktyk him mar net oan de teory hâlde wol.

Sa moast de minister fan húsfêsting okkerdeis tajaan dat der fan de kabinetsplannen foar sosjale wentebou yn Portugal, dêr’t o sa’n ferlet fan is, yn ’e ôfrûne jierren skeet noch dreet op ’e hispel kommen is. It kabinet stiet sûnt 2015 ûnder lieding fan António Costa, in sosjalistyske politikus fan Yndiaaske komôf, dy’t dêrfoar twa terminen as boargemaster fan Lissabon tsjinne.
Dat, dizze man hat wol earder mei it wetter foar de dokter west en wol no syn hannen fan it fraachstik ôfwaskje troch te besykjen it op de Jeropeeske aginda yn Brussel te krijen.

Wat hjir wol in moai stik bûter yn ’e brij is, is dat de sosjalistyske mearderheid risselwearre dat oppasplakken foar bern tenei fergees wêze moatte. Moai, net? Hja wiene der samar út. In koart berie is in goed berie, wier?
Punt is even, dat der yn ’e praktyk gjin plak is. Ja, der is wol plak, mar allinnich by partikuliere gelegenhiden. En dy binne net fergees.
Dat ‘berie foar de die’ soe men sa’n oerheid te hâlden jaan wolle, ek al is it goed bedoeld.

Wat ek út goederbêstens bedoeld is, is dat de sûnenssoarch hjir fergees is. No ja, fergees? Men betellet alle kearen in lytse eigen bydrage as men nei dokter giet. Nei dokter giet, ja. Want dokter komt net by jin. Al is men deasiik, men moat der sels hinne, nei it Centro de Saúde, in foech gemeentlik sintrum, byneed mei de sikewein. Dêrfandinne, tink, dat men hjir net sprekt fan húsdokters, mar fan famyljedokters.
Dy eigen bydrage is net sa raar, hear. Dy wie in pear jier ferlyn ûngefear fiif euro foar in konsult. In pear jier ferlyn, sis ik, om’t ús dokter doe mei pinsjoen gie. En der kaam foar har net in nijenien yn ’t plak. Sa binne der op it heden mear as trije miljoen ynwenners – dat is mear as in tredde – sûnder famyljedokter. Mar de autoriteiten wolle net tajaan dat der te min dokters binne. ‘Der binne genôch!’ ropt de minister. Dat is sa. Allinnich, dat binne partikuliere dokters. En dêr betellet men sechstich of santich euro foar in konsult. Dat kin wol foar minder, mar dan moat men jin byfersekerje. En dat is net fergees.
Dat, fergese sûnenssoarch is foar in soad ynwenners… teory.

Hawar, it sil yn oare lannen net folle oars wêze.

Dit vind je misschien ook leuk...