Tempus edax, Trump edacior

In soad myten geane rûn oer The Iron Lady. Al bewiist de skiednis wat oars, withoefolle Ingelsen hâlde út dat ‘hja die wat hja sei’. Hja soe bygelyks it mes sette yn it oerheidsapparaat; hat se net dien, it is ûnder har bewâld allinnich mar grutter wurden. Mar de mite ‘hja die wat hja sei’ is, sa’t it skynt, sterker as de sifers – nei alle tinken inkeld om’t se sei dat se die wat se sei. De werklikheid wie foar har tige betreklik – de werklikheid wie sa’t hja fûn dat er wêze moast.
Sokssawat stiet ús lichtwol op ’en nij te wachtsjen nei ôfrin fan de amtstermyn fan Trump – folslein optochte flauwekul as: ‘Dat kin wol sa wêze, mar hy die teminsten wat er sei!’
Yn syn stikje fan juster, persiis in jier nei de ynauguraasje fan Trump, skriuwt Bert Wagendorp mei safolle wurden dat it ôfrûne jier, alhoewol’t wy hieltiten hurder troch de tiid lykje te snjitskjen neigeraden wy op ’e goede jierren komme, by withoefolle fan ús ûnwollens de tins opkommen is: Mar hâldt dit dan ninter op? De titel fan syn stikje (‘Dankzij Donald Trump waggelden we zo het jaar door’) haw ik in bytsje feroare. It âlde Romeinske sechje ‘de tiid ferwoastget in protte, (mar) de mins ferwoastget mear’ (tempus edax, homo edacior) like my wol teplak hjirre, as wy it earste jier Trump op it aljemint hawwe. Hawar, wy sille sjen wat Bert op ’e lever hat. Ik mei myn geëamel ek …

Donald Trump is sûnt in jier presidint fan de FS en hy hat it jier sa foltroppe mei nijs, mei in stream dy’t gjin lichten dwaan woe fan ynsidinten, nuver sizzen en singeliere twiits, hy hat safolle lju dy’t ta syn stêf hearden, dien jûn – 34 persint, in absolút rekôr – hy hat ús sa faken kjel makke mei driigjende praat, mei plannen dy’t igge noch seam roaiden en folsleine bûtenslaggen – covfefe: wy witte jitte net wat it betsjut – hy hat it tema west fan rju kollums en folle net genôch, hat de oandriuw west ta withoefolle filmkes oer lannen dy’t efter America First stomme graach twadde wêze woene, ús eigen Arjen Lubach foarop, dy’t dêr wrâldferneamd mei wurden is – hea, wannear wie dat ek mar wer, it liket iuwen ferlyn – der waard wakker grute fan impeachment en dat soks net foar te kommen wie – as it net binnen in moanne wêze soe, dan dochs binnen it healjier – it gie aloan oer Trump en de Russen, de ein wie der fan wei, en hoe’t hja him op it hynder set hiene en oer hoe’t Trump dêr ûn en even foar weromjaan moatte soe en oer oft hja him altemets sjantearren mei in filmke dêr’t er yn oer in pear Russyske huorren hinne pisse – of krektoarsom, dêr wol ik mis mei wêze, it wie yn alle gefal in golden shower (wat sachs de kleur fan syn koiffuere ferklearret); it gie jimmeroan oer Trump en Bannon en oer Bannon en Trump en oer hoe’t Bannon Trump ûnder it sim hie en mei help fan syn marionet de FS feroarje soe yn in alt-right-paradys, hoe’t er de fêststeande oarder tegnjirdzje soe en gâns Washington mei ierde en oer útrûgje troch in foech rebûlje-fan-de-lytse-man, no ja, fan de lytse man, winliken mear in rebûlje fan Steve Bannon sels, de Robespierre fan de Twadde Amerikaanske Revolúsje, dy’t by eintsjebeslút sels bûge moast ûnder de falbile fan Trumps grime – yn alle gefal wer in kloatsek minder, dat moatte wy Trump dan neijaan; sa yngeand gie it oer 1984 fan George Orwell en dat dy wrâld no sachs oanbrutsen wie – alleman draafde nei de boekwinkel en slaan it nochris nei, it like wrammels wol in kolleezje dystopyske literatuer, en der waard grute, hy soe healanalfabeet wêze, jawis; sa fakenfolle seach men foto’s foarbykommen fan Trump op syn bûtenpleats yn Mar-a-Lago dat men jin yn earnst ôffrege oft er winliken wol ris yn Washington kaam, wat er al die, mar mei tsjinsin; sa fakenfolle seach men foto’s fan syn wiif Melania en hoe yngreven mankelyk oft se ûnder de hiele eksetra wie, winliken fan de alderearste dei ôf dat se presidintswiif wie, dat men fan tinken wol ha koe dat it wurdlid –gol– by fersin út har namme weifallen wie – hja koe him dúdlik wol fergrieme, mei syn nuvere presidintskluchten, dat wie foar alleman te sjen; sa allegeduerigen gie it oer Trump en it opwaarmjende klimaat en oer hoe’t er dêr skyt oan hie en dat it bûtendoar frettende kâld wie, dat wy koene wol wat waarmens brûke, hahaha; sa troppe er it jier fol as noch nea ien tefoaren; sels de lêste wike fan it earste jier like wol in moanne te duorjen, want no gie it oer in pornostjerke dat it mei Trump dien hie en gâns yngeander(!) as Bill Clinton doedestiids by syn Monica mei syn Havana-sobber – wat him doe noch skraachoan op ôfsetting kaam te stean – mar de tiden feroarje en wy feroarje mei, en dat er Stormy, sa hiet se, in moanne foar de ferkiezings 130 tûzen dollar swijjild betelle hie, och heden, wa hie yn ’e goedichheid wat oars ferwachte; sa troppe Donald Trump it jier 2017 stiiffol, en hokfoar jier, útskriptige mâl en strikende fol, nuodlik en spannend, mar gjin amerij ientoanich; en mei’t der mear foarfoel as yn acht jier Obama, duorre en duorre it jier, sa like it, en fleach it beslist net as in dream foarby, mar socht it wraggeljend om ’e ein – lit ús The Donald dêr yn alle gefal tankber foar wêze.

You may also like...

6 Responses

  1. Dauwe fon der Meulen seit:

    Thièrry Rabaudèt, trend-setter iin Latiin Foarum
    foàr Dem. ‘n Théo Hiddema docht it iin ‘t Friesk.
    Time is heed, Trump is heeder, keener, greedier!
    Tiid is hiit, Onkel Donald is hiter up yiéld en rom.
    Tiid b’iit, Trump fret. Bitich, bitiger, fernihilia, rôt.
    Om Onkel Donald, Säm, hobbelen, wankelen wi.
    Hje die what hje sai. Hje soe what hje woe ‘n -e.
    (Ûn)wollens en wittens ig gjin Friesk, willekeur?
    ‘n Soad mythen gean Om oer “De izeren Dame”.
    Oerhied en werklikhied. Nei alle tinKen, thinken. 2x
    Myte hôldt -y- 2x. – What eamelje ik èk all titen? …

  2. Dauwe fon der Meulen seit:

    Sont ‘n yier, ‘ier, mayst absluut sonder -o- skriowe, âs pliisje.
    Coffee en Coiffuere binne lien-wörden. En Frieslawn foàrst.
    ‘n Liitse mân mei gouden skower, EWvD schoer lat. Caurus.
    Oerfrouwe, Ferroïne, Stalinne. Elk gefall en iin alle gefalLen. 3x
    Alt-Right djihaadletters bûgE foàr fallbile en Rebûlly – Oele!
    Heal-analfabeet streekje. le Mer à Lac Avorno, Eärnewôld?
    Melania ig Grieksk foàr Swarte Pytsje, Sweveldamp Pythia.
    Hoe iingreven mankelyk OfT hje ûnder de hiele exetera wie.
    Fon ‘e liitse mân (de?), fon ‘e earste day (de?) – Och hedOn!
    Stormruiter comt 2018 iin Frieslawn – mei Swarte hiinders!
    Skimmelrider fon Théodór, Husem en Hauke Hayenkoogh!
    Sobje en slobje, iingeand iin ‘t kruus taaste iin ‘e lendenen!
    Krij se bij de Po’esij, póesy, poétisk, gjin -ë- – ig Gri. Poiésis.
    Uutscriptigens iin ‘e goodighhied id der wer, wraggeljende.
    Oerbefólking’s politike tabû om râs, om abortus iin pakket.
    Climaat if foàr Olvestêdetochtfólk âs uus Club fon Rome?
    McDonald docht what en it doocht nèt, journaille pulskor?
    Bäshing Bashir(al)Assad, uus cameraat – Trump uus mân.
    Rjochtse Waindoàrp, Wiinterp, iin rjochtse de Fólkskrânte.
    Rjochtse PfdArbaidsleazen, Dictatuer 666, BruunRjochts!
    Supreme Court ânti-abortuswet, Mexican Slaven werom?
    Spaanske fiertaal iin Californje wolle wii sucks eins woll?
    Gâstarbaid is Slavernij. Slavedriowers up ‘e Mediterranee.
    NiNsee.nl OttoWörkForce.EÚ Uus Marine en Mafia gréns.

  3. Dauwe fon der Meulen seit:

    Ick fiel mie hjirre en hjoed all hiel-end-all negearre.

  4. Jaap Slager seit:

    Fertel!

  5. Dauwe fon der Meulen seit:

    Fertell mie where om’t ferbetteringen nèt oanbroght weorde.
    Myten byg. Havana-sobber streekje wurdt ‘t wurd fon ‘t yier?

  6. Jaap Slager seit:

    Akseptearje myn reppe berou-rap!