Telider slein
Doe’t it fleantúch dêr’t de lieder fan ’e frije wrâld en dy yn sieten ûnderweis nei in gearkomste yn syn werferkiezingskampanje — ek wol `ferspriedingskampanje´ neamd — yn fjoer en flam delstoarte, snokkere syn Melania melangoalysk: “It spyt my safolle as ik hierren oan ’e bilkant haw, leave, mar der binne mar twa falskerms oan board — ien foar my en ien foar ús lyts jonge.”
De sittende presidint krige de fuotten ûnder it liif en de — foar safier bekend — jongste soan by de kladde: “Jou my as de bliksem dyn deldonderdoekje — IK bin op it lêst de lieder fan ’e wrâld.”
“Soks hjit in parasjute, hear heit, en heit is inkeld lieder fan ’e frije wrâld — lykfolwat dat ynhat.”
“Wat neukt my dat, snotnoas? Hjir mei dat ding!”
De tsjirl skuorde de jonge it pak út ’e hannen, wraksele him de earms troch de skouderbannen en ljepte.
“No, jonge,” skriemde de mem, “do hast dyn libben jit foar dy, dat… nim do myn falskerm — it is de iennichste noch!”
“Nee, hear mem,” andere de ta de latten út woeksen soan mei in fyn glimke, “de parasjute fan heit is der ek noch — dy wrâldlider… eh, –lieder hat myn skoaltas op ’e rêch.”
Recente reacties