Tebek nei de ein

Ik fûn it altyd wol wat spesjaals hawwen, dat ús ginneraasje (mei guon hjirfoar) de boel sadanich nei de ratsmodee holpen hawwe dat wy de ein fan ‘e wrâld meimeitsje meie. Sa hat men jins pakesizzerkes neitiid nochris wat te fertellen, no? Is ’t net sa? Mar dan moat it sa stadichoan al ris wêze, oars hoecht it om mij net mear.

Ik bin op it heden oan it avensearjen mei de oersetting fan in boek oer Jehova’s tsjûgen.
Blinder, dy hawwe it goed foar inoar. Want hja kinne it skielk wol neifertelle, de ein fan ‘e wrâld, alle acht miljoen. En hja witte sekuer wannear’t it safier is — 1914.
Hin?
Ja, dat wie der in bytsje by troch, want yn dat jier bruts no net rjucht it ‘Ryk fan de Frede’ oan, sa’t wy witte. Krektoarsom, soe ik hast sizze.
Hawar, it kin de master misse, no? Sûnt wurdt de mannichste fan de ein fan de wrâld alle kearen bysteld. Dat jout neat, ju. It jout de tsjûgen wat ekstra tiid om mear sieltsjes te winnen.

Sjuch, en dat fyn ik wol it moaie fan ekstremistyske organisaasjes — men is der altyd wolkom. En in minske is in keppeldier, netwier? Men wol graach earne by hearre.
Mar wat, as men iensum is en kwa sosjale feardigens foarbyparte is?
Just Jehannes, in ekstremistyske groep!
Dêr wurdt jin al fan fierrens it wolkom taroppen. Men hoecht der neat foar te dwaan of te kinnen, men hoecht allinnich mar ja en amen te nikken of te sizzen tsjin de opperteurs fan de groep.
Ja, ik haw it no tafallich oer Jehova’s, mar ik hie ek Facebook nimme kinnen, of in oare godstsjinstige of politike groepearring. Wêr’t it om giet, is dat men net mear allinnich is en earne by heart, want in minske is gjin ierappel.

Tebek nei de ein…
Myn berte heucht my in frekt lyts bytsje fan. It is de hjitting dat men tsjintwurdich op ‘e ein fan ‘e akker fan kop ta tean foltreaun wurdt mei morfine of sawathinne. Want men mei fan jins sibben beslist net lije. Dat ik haw noed dat my skielk fan myn dea ek in frekt lyts bytsje heuge sil.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. juli 5, 2023

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]