Tatoeaazjes en polityk
Dizze jonge ferpartet it minskdom yn twa groepen. “Net botte nuansjearre,” soe ús Rink skreaun hawwe, “mar wol oersichtlik.”
De iene groep is slij nei tatoeaazjes en lit him witwêr teheisterje. De oare groep mei tatoeaazjes beslist net lije, dy lju kinne se net sjen al is it noch sa – hja hawwe it efter de earmtakken, harren tatoeaazje. Of op ´e rêch, of yn ´e nekke, of… witwêr salang´t se harsels mar net oan dy griemerij steure hoege.
Op it heden hat in begjinnende sjongster bygelyks feilleas de folgjende wetmjittichheid yn ´e loer: gjin tatoeaazjes, gjin karriêre…
Watsjo? In goede sjongstim?
Och, stumper! Jo komme krekt ûnder in hunebêd wei krûpt, tink.
Mar wat as sa´n famke mei in hûd sa geef as kryt ta de oare groep heart, it kamp dat tatoeaazjes beslist net lije mei?
No, dan lit se har in baas noatekaai op ´e ûnderearm kladzje! Wat let dat? At se dan de mikrofoan omheechhâldt by it sjongen kin it krityske publyk teminsten yn ien eachopslach sjen dat it har tinken is mei har muzykkarriêre.
En it moaiste is fansels: it waakst harsels net yn ´e eagen, it mâle ding. In dûbelsnijend foardiel dus – twa miggen yn ien flap!
Ik siet hjir yn Portegal ris op in terraske efter in bierke mei stúdzje nei sa´n spiersterke keardel te sjen mei in ûnbidige tatoeaazje op ´e rêch… Dy keardel dan, hin 😉 – net ik.
Net dat ik útfine woe wat it ferbyldzje moast, hear – it binne yn myn eagen allegear inkeld amorfe inketplakken. Nee, it gong my om wat oars – wat driuwt sa´nien? Ik kin my net yn sa´n persoan syn tinkwrâld ferpleatse, sjuch.
Op it lêst tikke ik him op it skouder: “Mei ik ris freegje: wêrom hawwe jo yn ´e goedichheid in tatoeaazje op ´e rêch?” Dat fûn er moai, joech er my werom. Ik wie slop: “Jo sjugge der sels ommers neat fan!”
Hy kearde my brûkel de rêch ta en joech syn omtinken op ´e nij oan syn kammeraten dy´t niiskrekt mei him op ´e motor oankommen wiene…
Watsjo?
Nee, elts op syn eigen motor fansels. Wol efkes serieus bliuwe, graach!
Withoefolle bierkes letter hufte ik de keardel ynienen op it skouder: “Ik haw it! It is foar mij bedoeld!” Ik wie der suver fan oandien: “No ju, dat hiene jo om mij no net dwaan moatten!”
Us omke Pyt, Piter Keimpes Dykstra, yn Sweden lei my ris by: “Do moatst minsken net op harren uterlik beoardielje, Jaap! Dat falt my fan dy ôf! Dat dochst oars ek net.”
Dy snuter makke my kjel. Want ik leau beslist net dat ik har ôfwiis, ik begryp har allinnich net – ik haw it gefoel dat ik neat mien haw mei dy lju.
Ek al moat ik der no efkes by sizze dat dy motorrider fan niis neitiid in goekunde fan my wurden is – in prachtkeardel. En dat lêste is neffens my wol it oertsjûgjende bewiis dat wy neat mien hawwe. 😉
Mar goed, dat is sa: ik haw der bytiden wol oan en ferpleats my yn in oar. Dat haw ik alsa mei politisy bygelyks.
No moat ik dêr ek efkes wat by sizze – ik haw myn frijdom wakker heech. Se meie my alles wol ôfkrije, mar myn frijens net. No ja, en dat ynteressearret politisy sa´t it skynt de barrels, frijdom. Hja fine der bygelyks gjin bien yn en sis sûnder ferdrach dingen dy´t se hein nochte nei net miene – út partijdissipline of sawathinne. Dat jout my by harren ek it gefoel dat wy neat mien hawwe.
No´t ik it yn my omgean lit… soe dat de reden wêze kinne dat der meast net-Friezen yn ´e polityk te finen binne?
Recente reacties