Taalwurgens

It Frysk wurdt opfretten fan it Hollânsk, it Hollânsk hat him ferklearre oan it Ingelsk, it Ingelsk liket hieltiten mear op it Amerikaansk en it Amerikaansk liket hielendal nearne nei… om’t net ien it wat skele kin. It iene mei it oare giet sa ferskuorrende hurd, dat ringen de iennichsten dy’t noch gnap Hollânsk prate, fan Fryske komôf binne.

Soks kaam my yn ’t sin doe’t ik okkerdeis mei in Brit op ’e tok wie.

Om’t wy oer ’t ginneraal inkeld each hawwe foar ús eigen sitewaasje mei de dalje op ús taal, wie ik alhiel feralterearre doe’t dy man, dy’t yn Cambridge studearre hat, mei de hiele lea hinnefoel oer de rol fan it Amerikaansk op it stik fan it ferglimmen fan it Ingelsk.
‘Soademiterje op! It Ingelsk wurdt ommers hieltiten grutter, man. Soks neam ik net earlik ferglimmen, wol!?’
‘Jawis!’
‘Wo’ jo my dat efkes ferdútskje?’
No, doe wie de duvel yn ’e toer; ien lang en twa breed waard my te hâlden jûn hoe’t Google en Facebook fan ynfloed binne op de taalfersmoarging by de jongerein, troch bygelyks de foarkâns te jaan oan ’e Amerikaanske stavering.

Ik moat tajaan, dat as ik-sei-de-gek oan in Amerikaan skriuw, ik de mûne ek nei de wyn set wat stavering belanget. Men wol op it lêst net hawwe dat sa’n simpele Amerikaan by himsels seit: ‘Dy ûnnoazele Hollanner wit net iens dat men ‘realise’ mei in z skriuwt!’
It is wier: jou my in stikje dat skreaun is fan in Amerikaan, en ik helje dêr withoefolle taalflaters út. Mar, in Amerikaan hat op it stik fan ferbetterjen inkeld fertrouwen yn in lânsman, en dy sil op syn bar alle klassike flaters oer de harsens sjen. Hja hawwe gewoanwei gjin fertrouwen yn in bûtenlanner, in non-native speaker, sotûspyk, ‘… en al hielendal net yn in bûtenlanner dy’t ôfstudearre is yn Cambridge,’ jou ik Brian (want sa hyt er) in striker, ‘sûnt it affearen mei Cambridge Analytics.’
Brian stint.
‘Ja, dat is sa: wy binne de lul!’

Op dat stuit die er my efkes tinken oan in man út Wales dy’t, doe’t ik him ris yn it sin brocht dat it oan Churchill syn stiifkoppigens te tankjen wie dat de Ingelsken it foar de oarloch net op in akkoartsje smiten hiene mei Hitler, mei it smeulske sizzen kaam: ‘Ja, dat is sa! Wy binne op it lêst allegearre Dútsers; wy prate allinnich mar Ingelsk!’
Dêr doelde er fansels mei op de Dútske komôf fan it Ingelske keningshûs, ek al hawwe dy de namme Battenberg doedestiids – dat seit himsels – hurd feroare yn Mountbatten.

Sûnt de oarloch flaaikje de Hollanners wakker om mei de taal fan ús befrijers; hja helje algeduerigen mear Ingelske wurden yn.
Der is by jim grif noch wat hingjen bleaun fan dy reklamespot mei dy yuppie dy’t, as er oan bar is yn ’e kantine, yn geef Hollânsk freget ‘Ach, juffrouw, mag ik ook zo’n kommetje snert?’ – ynienen wer lytsman yn beppe koken. Wylst er doe’t er noch yn ’e rige stie, wakker stoer in griemmank fan Ingelsk en Hollânsk yn syn snoadfoan kwitste: ‘Het lijkt me smart dat we na de break effe levelen. Olrijt, jongen, siejoe!’

Ut it Dútsk ha wy mar in pear wurden oernommen. Trije falle my fuort by: überhaupt, sowieso en bunker. Wachtsje efkes! ‘An sich’ ha wy ek noch. En ‘ansicht’ fansels. Goed, fiif wurden – in hânfol. Wa wit der noch mear?

En de Friezen binne it paad fansels folslein bjuster wat har sprake belanget.
Yn stee dat se de bannen mei it besibbe Ingelsk oanhelje (it lytse suske fan it Frysk yn ’e skiere foartiid, dat mei ferrin fan iuwen him transformearre hat ta syn Big Brother) wat skoalbern omtinken yn ‘e fâlden falle soe by it karriêremeitsjen, krûpe taalfernijers sûnder te ferblikken(!) it Hollânsk yn ’e bûse – it Hollânsk dat soks allike folle is. Sytze hat my lêsten noch ferdútske, dat dy lju de nije regel optocht hawwe dat wy it Hollânsk folgje moatte by it skriuwen fan û of oe. It moat net folle mâlder wurde!
Hawar, lit ús mar sizze: dy’t him yn ’t easkjen fersint, sjit yn ’t barren tekoart.

It is dêrom dat ik niis sei: meikoarten prate allinnich Friezen noch geef Hollânsk.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie