Taalstriid: dy’t net dykje wol, moat wykje
De Haach is fierstente leaf foar it Frysk – dêrsanne sit him de oast.
Troch’t Flamingen aloan en wer ferhûddûke en deltreaun waarden, hawwe se piid yn ’e taalbonke krige. De Waalske wearze stiek harren sa bot, dat se yn solidêrens, skouder oan skouder, mei liif en siel bodde hawwe en smyt dammen op tsjin it Frânsk. En dat hat fertuten dien: alle jierren wer wurdt it Groot Dictee wûn fan in Flaming.
Oars sein, set in Fryske boer en in Flaamske hoer njonkeninoar, dan doar ik-sei-de-gek net mear te roaien wa fan beiden (de grutste) kloaten hat. Sokke nuten moatte kreake wurde fan in balfeardiger saakkundige as ik op it mêd fan balbehanneling – Goedele Liekens bygelyks.
Ik haw it oer taalballen fansels – tink derom!
Dêrom soe ik yn ’e pleit gean wolle foar it skrassen fan it Frysk as rykstaal, moat it Frysk op skoallen en alle stipe en subsydzje foar it Frysk sûnder berie stopset, in ferbod op gearkloftsjen útfeardige en mei elts dy’t yn ’e iepenbiere romte jit Frysk praat, stânrjuchtlik daat wurde.
Dan – en allinnich dan – sjuch ik takomst foar it Frysk.
It is allegearre wakker leaflyts en âlddoarpsk, hear, dat in stikmannich nommele lânslju mei in jelmis út De Haach wei op ’e tok holden wurdt en skuor fûlbannich oan in dea baarch “Zeg nou kaas, verdorie!”, mar oan in rottich tou kin men lûke salang’t it duorret. Wat ik mar sizze wol mei it Flaamske eksimpel hjirboppe: it moat út ’e foltssiel sels weikomme. Of – sa’t it yn it Dútsk sa moai hjit: Das Schicksal kommt von innen. Sokke dingen kinne net fan boppen ôf oplein wurde.
Nee, my sille jim net sjen by it opsmiten fan dammen tsjin ‘e ûntfrysking, sa’t ik okkerdeis al skreau. Nee, by my is it mear in spultsje fan l’art pour l’art, sa’t Abe de Vries it juster noch neamde yn syn stik oer Knilles Wielsma. Ik ha my der desennia lyn al ûnder deljûn dat myn skriuwerij earst wat opsmite sil as der acht dagen yn ’e wike komme.
Wêrom’t ik dan jit skriuw,
Yn dit tiidrek fan quid pro quo?
Foar de aardichheid. En om’t ik oars neat kin, ju. Is dat in jildige reden? As ik sit te skriuwen, hear ik lûden út it ferline en sjuch ik âlde bylden opriizgjen: Ja, sa soe âlde pake Japik Kingma dat ûnder wurden brocht hawwe. Prachtich! en Ik hear Annemuoi noch sizzen … of sawathinne. Ja, dat sis ik: Das Schicksal kommt von innen.
Hin? Dat fyn ik no moai, ja – elts syn meuch, wier.
Nee, myn skriuwerij hat faaks neat om ‘e hakken. Freegje mar oan Douwe – Douwe moat altyd tsjouwe. 😉 Nee, hear, Douwe, dyn opbouwende krityk is tige wolkom – dêr leart men fan. Sa’t ik sei, it mei neat lykje wat ik skriuw, mar … ik doch alle war – lykas pake Keimpe en beppe Gatske har warren geef Frysk te praten. Mar dêr is men tsjintwurdich, sa’t it skynt, de lilke man mei. JGM bygelyks is fuort op ien ein as er in wurd net neikomme kin. Nee, JGM, dat binne gjin hege wurden, dat is Frysk.
Mar, as Friezen har op it heden net mear warje wolle en bygelyks leaver ‘links’ sizze ‘om’t se op it tillefyzje ek gjin lofts brûke’ en in soad útdrukkings mar ‘overdreven’ fine om’t ‘it niks net liket op it Nederlands wat wy op skoalle learen, zie. Echt niet! Echt wel!’, dan seit my dat wol bêst. Guon fine myn stikjes dreech en âldfrinzich? It sil my oan ’e reet oksidearje. Dêr binne grif lju by dy’t ek de Nachtwacht leafst mei in dekkende ferve oerskilderje litte wolle en jou dy jonges fan ‘e plysje in wat moderner unifoarm. Of: ‘Doch dat fanke in gnappe tatoeaazje, ju – hoe hjit se … Mona Lisa!’
Ik skreau niiskrekt yn in reaksje op in artikel “salang’t Friezen taal beskôgje as in sintersk stik ark, dêr’t gjin deugd yn sit (en sokke lju binne der op it heden by de roes, sa’t it liket), dan draait it gau op ‘e non mei ús Frysk.” Dêrom net, mei hokke taal net? Lit mar sloere, ju, lit mar waaie! ‘Wat no, blikstienders, mei -d of -t? Begrypst ommers wol wat ik bedoel!’
Myn ûnferskilligens is grif in bolwurk, in opsmiten daam; dat ik net oerweldige wurd troch de ûnferskilligens fan in flite lânslju en troch har ûnbegryp, ja lulkens, as men der wat fan seit. En it hat grif ek te krijen mei dat ik gjin bern haw. Dat, nee, ik hoech net yn noed te sitten dat myn neiteam ûntfryskje sil. Dizze jonge hat gjin erfmakking troch te jaan. En as jim dat ek net hawwe, lit it Frysk dan mar moai op ’e rongen slepe, jonges! Wat neukt dat, in erfstikje mear of minder?
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]