Taalskamte
Eale stalke,
Jo prate frekte goed Portegeesk foar in bûtenlanner, krij ik gauris te hearren.
Hoesa “bûtenlanner”, knypeagje ik dan sabeare lulk, sjuch ik der net út as in wiere Alentejaan?
Slop binne se dan, dy Portegezen. De trochsneed Alentejaan is sa koart en grou as in turftonne, sjuch. En ik, ik bin sa koart en grou as de Aldehou.
Dat ik der wat útpyk, is mei de reden, tink, dat ik op strjitte gauris praaid wurd fan fekânsjegongers dy´t mei in fraach sitte. De haadreden is fansels myn grutte útstrieling – dat begrypste 😉
Taalarrogânsje
Wêr’t dut op ta sil? Dat sil ik dy sizze! Hja komme hast allegearre mei har fraach… en no komt it… yn har eigen taal. Moai, net!
In Brit sil ninter begjinne mei: “Sorry, hear, mar ik praat gjin Portegeesk… mei ik jo in fraach yn it Ingelsk foarlizze?” Ja, en in Dútser dy´t yn in oare taal praat… dat witst wol, tink… “Praat yn ´e goedichheid Dútsk, man (of frau… eh, frou),” fal ik sokken fuort yn it wurd, “sa kin ik jim teminsten ferstean!” 😊 En it gutterale Ingelsk fan ´e Hollanner bin ik ek gau klear mei, hear. “Sille wy dit petear fierder mar yn it Frysk dwaan?” freegje ik dan. “O, jo kenne inkeld mar Hollânsk? Och, siel! Ja, hear, dat ferstean ik ek wol!” (“nei alle tinzen better as jo”, lit ik meastentiids wei, út reden fan dy frekte sympatike útstrieling fan my, begrypste – dy wol men net fuort ûnderstek dwaan 😉). Nuverdernôch is in Frânsman noch wolris sa dat er earst freget oft ik syn taal… überhaupt wol ferstean kin. Bedêstens ferwachtet men net sa gau fan in Frânsman, no…
Hin?
No, moi pas!
Taalguodlikens
Hast no foar de fernullen hokker kant dut út sil?
Just Jehannes, no binn´ wy der! Is dij soks ek opfallen? Net ien(!) dy´t der wat fan sizze sil as immen mei syn ûnskeamele Hollânske hoazzen en skuon de Fryske FB-siden op wâdet. Sterker, it is wenst wurden!
En as men der al wat fan seit, sa kriget men yn it geunstichste(!) gefal in ferlechje as “Ik ben al twee jaar om uitens, zie! Dat, ik ben het Fries ontleerd!”
Wat donder, ik bin al sechstich jier om utens! Dat, as der ien is dy´t it Frysk ûntleard is, is it dizze okse! Mar ik besykje it teminsten – it is op it lêst myn memmetaal, blinder!
Ik haw wol ris yn ´e wille west en anderje de lju dy´t mei de Hollânske klompen yn it spul komme, yn it Portegeesk. Dat is yn grûn en wêzen deselde hâlding, no!
Nee, haw ik noch net dien – hast gelyk. Witst wat it is, wy binne te guodlik. Alteast, dat tocht my oant no ta. Mar hjoed wie der ien, in Arjan Groenemeijer, dy´t yn syn reaksje op in stikje datst pleatst hiest, op ´e lappen kaam mei in krekter begryp fan de saak…
Taalskamte
Want do hiest in stikje út ´e Ljouwerter pleatst. Sels lês ik dy rotkrante net – der is wol goedkeaper (en lúkser!) skytpepier. Wêrom soe ik betelje foar in Nederlânske(!!!) krante, as der withoefolle bettere kranten binne dêr´t men net in sint foar betellet – Süddeutsche Zeitung, Le Monde, El Mundo, BBC News, ensawathinne. It Nederlânske nijs fynt men by de roes (en better!) op ´e side fan ´e NOS en de Fryske berichten hat men op Omrop Fryslân. Ik besau my winliken datsto de Ljouwerter jitte lêst… dat der überhaupt (alwer überhaupt, ju?) noch lju binne dy´t dy krante lêze.
Mar… fuort mar, dêr giet it no net om!
It gong oer “Meldpunt over gebruik Friese taal”.
Soks moat yn it Hollânsk, no, want it is ûntinkber (en ek net de bedoeling) dat Friezen wat te melden hawwe. Of… dochs?
Dippetearre Syts… eh, Sietske Poepjes, fan taal en kul… eh, cultuur, wol halje-trawalje witte… hoe een school of gemeente omgaat met het Fries of hoe het Fries wordt toegepast in de openbare ruimte.
Moai, net! Hja set de loop der goed ûnder.
Mar no komt it…. Dat mag ook anoniem.
Reaksje fan dy Arjan Groenemeijer: “Beskamme oer jo melding? It mei ek temûk! Taalskamte. – Wol sa feilich as skielk de razzia’s komme om alle fryskpraters op te pakken.”
Hahaha, prachtich, net!
Big Brother Sietske
Dêrom net, dat “anoniem” moat men al mei in bekfol sâlt nimme, hear!
Men kin allinnich mar skilje, sjuch, wannear’t men wat te melden hat. Dat hâldt ferbân mei it analfabetisme, tink, dat yn Fryslân – dat seit himsels 😉 – folle mear húsriem is as ûnder Hollanners…
En doe kaam my yn ´t sin: Ho, wachtsje, men kin allinnich skilje? Sa is it al klear ommers – sa sit men fuort al, mei alle tabehear, yn ´e grutte… eh, lytse database!
Wol de lêste fryskprater skielk de flage delhelje!
NDF
Jaap
NDF?
Dipteärre har Friesk o’erset iin Hollânsk fon LC.NL?
Hela, freie Friezinne. – Korooné-blij pâsst by dij …
Eale Scalke, G.J. “stalke” by S.A. Gabbema 1668.
Schalke 04. Mare-scalk boàdskipper marsjesee.
Gjin hiinste-stall-feint. Knight ridder. Stalemate.