Taalfersmoarging
Godfried Bomans wie neffens my ien fan ‘e lêste skriuwers dy’t de foet by de kûle hold en rjuchtlinich de tredde persoansfoarm inkeldtal brûkte by de Hollãnske ûnderwerpsfoarm fan it foarnamwurd ‘u‘. Sûnt wurdt dêr wakker mei omgriemd. Ik haw de wyldste teoryen lêzen oer hoe’t soks om en ta gongen is — koal allegearre neffens my!
De Hollanner mei syn nivellearjende ynslach — as it my net mist, is it yn Sweden sels by wet oplein dat men dookje moat — fûn it op in stuit nuver en brûk tsjin ien dy’t rjucht op en del foar him oer stie, de tredde persoansfoarm. De Fries docht net oars — ‘Wol mem noch in bakje kofje hawwe?”, “Hat heit it boek al út?”, “Hokfoar wurk docht Jaap?” In Hollânske Jaap soe wakker ferheard om him hinne sjen by dy fraach: Is der noch ien?
Dat Bomans syn ‘u is‘ waard ‘u bent‘. De oergong fan ‘u heeft‘ nei ‘u hebt‘ duorre wat langer, mar is no ek al ridlik ynboargere.
“Dus wy brûke tenei rjuchtlinich de twadde persoansfoarm?”
Hoho, net te hastich! Want de freegjende foarmen soene sa ‘ben u?‘ en ‘heb u?‘ wurde. Itselde gesoademiter mei ‘zul u?‘ en ‘kun u?‘ Dan moat de Hollanner him genearje mei optochte foarmen, lykas ‘zult’ en ‘kunt’. Optocht, ja. Want wêr komt dy ‘-t’ wei?
Dat doe’t ik in boek oer myn jeugdheld Arsène Lupin út it Frânsk wei oersette, waans kossele aventoeren har allegearre ôfspylje oan it begjin fan ‘e foarrige iuw, wie it foar mij in útdragen saak en brûk de Bomansfoarmen ‘u is’, ‘u zal’ en safuorthinne — lekker konsekwint. Sa’t ik al sei, de Fries hat dêr gjin wurk fan.
In retregrade beweging sjugge wy no by it Hollânske ‘je‘ — in foarm dy’t yn it plak kommen is fan ‘men‘. Lêstneamde foarm wie nei de fieling fan de Hollanner sa njonkenlytsen wat âldfrinzich. It probleem fan dat ‘ginneralisearjende je’ (bgl. ‘Je gaat naar de kloten!’) is dat men in ‘yndividewele je’ (‘Ga zelf!’) foar jin oer hat.
Dat lost de Hollanner no op mei it brûken fan de tredde persoansfoarm by it ‘ginneralisearjende je’. Moai, net?
Sa lies ik yn De Correspondent — net de minste krante dus — okkerlêsten in artikel dêr’t alle paragraaftitels in freegjende sin fan wiene, mei ‘kan’ as persoansfoarm en it persoanlik foarnamwurd ‘je’ as ûnderwerp. Dus ‘Kan je?‘ yn stee fan ‘Kun je?‘
“Aha, dus wy brûke tenei rjuchtlinich de tredde persoansfoarm by it ‘ginneralisearjende je’?”
Sille wy mar ophâlde? It tillefyzjenijs begjint sa. Sille wy mar gewoan Frysk praten bliuwe?
No even yn earnst, foar skoalgeande bern dy’t dit mooglik ek lêze…
De nije regel is ienfâldich, hear: De ûnderwerpsfoarm fan it persoanlik foarnamwurd ‘u’ kriget de twadde persoansfoarm inkeldtal, mar behâldt yn in freegjende sin de -t oan ‘e ein yn foarkommende gefallen.