Taalbewâld
Taal is in natoerprodukt. En sa moat it neffens my ek bewâlde wurde. En dus net tewâde. Alhoewol’t dat dei en wei al de wize is dêr’t wy mem natoer mei behannelje — wy plichtsje mei hoazzen en skuon oer har hinne te skonkjen ☹
Wat ik krekt bedoel mei taalbewâld?
No, lit my begjinne mei te sizzen wat ik dêr net mei bedoel.
Ik bedoel der net mei, hoe’t Hollanners har taal sloere litte. Hollanners hâlde útferkeap; hja wannelje geef Hollânske wurden foar Ingelske. Wannel is hannel, sizze se, en hannel is wannel 😊
Wêrom? Wol, har Hollânske keapmansgeast seit dat Ingelsk de taal fan ’e takomst is. Dat, wat har oanbelanget mei it Hollânsk op buorden komme. En dan haw ik it net oer dimmenstraasjes mei buorden as ‘Meer Hollands op school!’, hahaha.
Mar is it likegoed net in kossele ûntjouwing? Hollanners dy’t har taal wannelje foar it Ingelsk; en Friezen dy’t harren taal – in taal dy’t nota bene besibbe is oan it Ingelsk — ynruilje foar it Hollânsk. Prachtich, net!
Gjin hannelsgeast yn Fryslân, tink. Us keappenskip is … eh, útwâde.
Ik kaam hjirop, om’t ik niiskrekt op de FB-side Fryslân en de Fryske taal oer in rychje mei Fryske wurden en útdrukkings stroffele, mei dêrnjonken de Hollânske wjergea — of krektoarsom — pleatst fan Sytze T. Hiemstra. ‘Uittrappen’ wie ‘útwâldzje´, stie dêrsa.
Hat Kouwe Dalma him dêr bygefal ferskreaun, frege ik Sytze; moat it net ‘útwâdzje’ wêze? De Hollânske wjergea fan ‘útwâldzje’ is neffens my ‘door micromanagement om zeep helpen’, hahaha!
Ja, ik ben me d’r eentje 😊
Nee, andere oare Douwe, in taalbewâldsman, dêr bisto mis
mei, heite, want ‘wâdzje’ waard eartiids wier wol mei in ‘l’ stavere.
Okee, Douwe, tige tank, jonge!
Dêrom net, lju dy’t miene dat it Frysk mei regels fan boppen ôf (Holl. top-down approach) út it ûnleech holpen wurde kin, haw ik op in pypfol. ‘Nee, Jaap mei net rjucht en sljucht skriuwe, want yn ‘e wâlden staverje wy fan rjocht en sljocht, sjoch!’
Ik sjuch it, ja. En dan moat ik skielk ek skalle en futten skriuwe, tink?
‘Nee, Jaap mei gjin útdrukkings skriuwe, want yn it Hollânsk is de meartalsfoarm uitdrukkingen, sjoch!’
‘Nee, Jaap mei net dimmekrasy skriuwe, want it wurd is ôflaat fan it âld-Grykske dèmos en kratos, sjoch!’
Jawis, skriuw dan fuort δημοκρατια, omkoal! Skielk moat ik ek canif skriuwe, tink, of canivete, yn stee fan knyft.
Ensafuorthinne en gean sa mar troch! Dat is neffens my net bewâldzjen, mar tewâldzjen (Holl. door micromanagement naar omakelder helpen)!
Nee, taalbewâld is neffens my it stibelearjen fan it brûken fan in taal. Lit de lju dochs skriuwe sa’t se miene dat it heart!
Jou har yn ‘e goedichheid de frijens har út te drukken yn de sprake fan harren hert! Want as se hieltiten in tik oer de fingers krije, wurdt in taal neffens my swietsjeswei … útwâlde.
Die VERWANDLUNG, METAMORFOAZE, FEROARING, Wixelje.
UutWennië dogge Wii Uus Mem Natoer. Vulva, vagynaecon?
Oare Dauwe? Dr. D. Kalma is by ûngelok stoarn iin Oct. 1953.
Ik bin berne iin October 1953 âs siin réiincarnaasje iin ‘e JFM.
Leat de Liu NÈT skriowe sa’t hje thinke, dât it heärt.
Jau harren nèt de Freihied fon ‘e TALE fon ‘t(!) Hert.
Micro-mennegemint mei ‘n(!) StreeKje, doubeld nn.
Mannus is Latiinsk hiinder. Broek -hied-en, ôffstân!